Gaasterlân-Sleat
Ut Wikipedy
Gemeente Gaasterlân-Sleat
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | T.C.M. de Roos | ||||||
Haadplak | Balk | ||||||
Gebiet - wetter |
209,29 km² - 101,54 km² |
||||||
Ynwenners | 10.208 | ||||||
Ferkearsieren | N359 | ||||||
Netnûmer | 0514 | ||||||
Postkoades | 8556 - 8583 | ||||||
Offisjele webstee | www.gaasterlan-sleat.nl |
Gaasterlân-Sleat (offisjeel Frysk) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei 10.208 ynwenners (1 jannewaris 2005), en mei in gebiet fan 209,29 km², wêrfan 101,54 km² wetter.
De gemeente hat oan de súdkant in kust fan sânkliffen oan de Iselmar, en is fierders foar in grut part boskgebiet. Troch de gemeente rint de N359.
Yn 1984 waarden oan de gemeente Gaasterlân de stêd Sleat en in part fan de gemeente Himmelumer Aldefurd tafoege. Yn juny 1985 hat de gemeente de namme oanpast ta Gaasterlân-Sleat.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is Balk, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldegea, Aldemardum, Bakhuzen, Ealahuzen, Harich, Kolderwâlde, Murns, Nijemardum, Riis, Rûgehuzen, Sleat, Sondel en Wikel.