Willemstêd (Curaçao)
Ut Wikipedy
Willemstêd | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Lân | Nederlânske Antillen |
Eilân | Curaçao |
Boargemaster | - |
Untston | 1634 |
Tal ynwenners | 125.000 |
Webside | - |
Willemstêd is de namme fan de haadstêd fan Curaçao en de Nederlânske Antillen. Yn die stêd wenje san 125.000 minsken, wêrmei it de grutste stêd is fan de Lytse Antillen. Willemstêd is ferneamd om harren kleurde gebouwen yn it sintrum fan de stêd. It sintrum stiet sûnt 1997 dan ek op de UNESCO-list fan Wrâlderfgoederen.
De stêd leit an de súdwestkante fan it eilân yn de natuerlike haven it Skottegât, dy’t ferbûn is mei de Karibyske See troch de Sint Annabaai. Dizze baai splitst Willemstêd yn twaen, se wurde ferbûn troch de Keninginne Emmabrêge en de Keninginne Julianabrêge, wêr’t tsjinwurdich it grutste part fan it ferkear oer hinne jit.
[bewurkje seksje] Skiednis
Neidat de Hollanders yn 1634 Curaçao op de Spanjoalen feroferden bouden sy op De Punt, it gebiet eastlik fan de Sint Annabaai in grut fort, om de havenyngong te ferdedigje. Nêst it fort ûntston Willemstêd. Yn 1707 waard der foar it earst oan de westlike side fan de Sint Annabaai bout. Dizze nije wiek waard Otrabanda neamd. Wat Papiamints is foar ‘de oare kant’.
Yn de 17e ieu wie Willemstêd it plak fan ien fan de wichtichste slavemerken yn die tiid. De slaven waarden anfiert fan Afrika ôf en waarden fjirder troch skipt nei oare gebieten yn Noard- n Súd-Amerika.
Rûn 1920 hinne boude Shell in grutte olieraffinaderij wêr’t olie út Fenuzuëla ferwurke wurdt. Dizze raffinaderij wie fan grut belang foar de Amerikaanske fleantugen yn de Twadde Wrâldkriich. Hjir hellen de Amerikanen harren kerozine foar de fleantugen wei.
Op 30 maaie 1969 bruts yn Willemstêd in tsjin-koloniale arbeidersopstân út. By dizze opstân waard fakbûnslieder Wilson Godett del sketten, hy soe de anfal wol oerlibje. De arbeiders stutsen gebouwen in de wieken Punda en Otrabanda yn brân. Nederlân liet trijehûndert mariniers nei Willemstêd fleane om de rust te herstellen.
Toerisme foarmet tsjinwurdich de wichtichste ynkomstenboarne foar de ynwenners fan Willemstêd.
[bewurkje seksje] Wichtige plakken en gebouwen
- It histoarysk sintrum.
- Keninginne Emmabrêge
- Keninginne Julianabrêge
- Fort Amsterdam
- Sint Annabaai
- Merke oan de Sha Caprileskade