Wytikkersfeart
Ut Wikipedy
De Wytikkersfeart (Offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't east fan Riis rint. De feart rint troch de Wite Ikkers en ferbynt de Spoekhoekster Feart yn súdwestlike rjochting mei de Jan Schotanuswei. Oan de oare kant fan de Schotanuswei hjit it wetter Sefonster Feart. Oant yn de 20e ieu waarden beide as ien sleat, de Marder Sleat beskôge.
Op it plak fan de bochten oan de súdein fan de Wytikkersfeart lei yn de 19e ieu noch de Marder Poel. Koart foar de noardein lei yn de 18e ieu noch in oare poel, it Wytwetter. De Marder Sleat bûgde doe ôf troch it Wytwetter en gong fierder nei it noardwesten, troch de Rypster Poel en kaam op it lêst út yn de Swartsenbergs Sleat, no de Ryster Feart.
De namme Wytikkersfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Witakkersvaart.