Ychtenbrêge
Ut Wikipedy
|
Ychtenbrêge is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdeastkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 500 ynwenners (2004).
Ychtenbrêge foarmet tegearre mei Dolsterhuzen oan de oare kant fan de Pier Christiaansbrêge, ien wenkearn. It doarp is split rekke trochdat oant 1984 de gemeentegrins mei Haskerlân troch de Pier Christiaanssleat rûn. Ychtenbrêge is nei De Lemmer it twadde doarp yn de gemeente wêr't toerisme in grutte rol spilet. De Pier Christiaansleat dy't troch de buorren en troch Dolsterhuzen rint is ek in toeristysk farwetter. Dizze foarmet de ferbining tusken yn it suden de Kop fan Oerisel mei de Weerribben en nei it noarden jout it ferbining mei de Fryske marren.
Yn Ychtenbrêge en Dolsterhuzen binne meardere jachthavens en campings; Yn Ychtenbrêge: Jachthaven de Meerkoet, De Merenpoort, Turfskip en yn Dolsterhuzen Oan 'e Tsjûkemar en de lisplakken fan Pleatslik Belang. Yn Dolsterhuzen stean ek twa hotels, hotel Tsjongerfallei yn de eardere molkfabryk, en hotel "De Tsjûkemar" in pear kilometer bûten de buorren. Dêrneist binne by in soad pleatsen bûten it doarp ek miny-campings.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Iten
Ychtenbrêge en Dolsterhuzen hawwe as ytgelegenheden:
- Kafee de Fryske Pub
- Ytkafee de Dikke Tút
- Hotel-restaurant Tsjongerfallei
- Snackbar de Ruif
Op tongersdei en sneon is der in pizzawein foar ôfheljen fan pizza's en geregeld komt der in fiskkream.
[bewurkje seksje] Aktiviteiten
De ûndernimmersferiening Ychtenbrêge e.o. organisearret alle jierren yn de simmermoannen de "Dolle Donderdagen". Op de tongersdeitejûnen wurdt dan wat op of om de brêge en it wetter organisearre, lykas sekslaan, kanoracen, live muzyk. By Ychtenbrêge is ek altyd in wedstryd fan it IFKS skûtsjesilen. Fierders binne der braderyen, muzyk op it wetter en muzyk yn de feesthal by De Merenpoort bv.
De jierlikse feestwike yn Ychtenbrêge is yn de twadde wike fan septimber. Hjir hawwe al in soad bekende Nederlânske bands stien: BZN, De Dijk, De Kast, Normaal, Pappa di Grazzi en noch folle mear. Aurond hjier wien Nick & Simon te gast in Ychtenbrêge, en er komme altiid nog volle meer leuke artiesten.
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
- Line 48: It Hearrenfean - Rottum - Sint Jansgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
[bewurkje seksje] Strjitten:
Baggelaar, De Bûgel, De Kempenaerswei, De Petten, De Roede, De Splitting, De Feanskieding, Duimstrjitte, Hellingpaad, It Trek, Haadwei, Klynsmafeart, Koopmanwei, Kromme Warren, Krompaad, Suster Jacobsstrjitte, Turfkade, .