Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden - Wikipedy

Meidogger oerlis:Yn 'e Wâlden

Ut Wikipedy

Ach, dat spyt my. Triem wie in moai wurd: Je seachen gewoan hoe't al dy gegevens underelkoar in rige foarmden, lykas by de boadskippen. En it bekt fansels ek folle better as bestân, en it lit romte foar de samling-fan-gegevens betsjutting fan bestân. Ik wit wol dat it gjin direkte oersetting fan it Ingelske wurd is, mar dat hoecht om mei ek net; as it mar brûkber is, en dat is it dúdlik al. Is der net in manier om mear minksen te freechjen of se "triem" hâlde wolle? Aliter 21.57, 24 mai 2004 (UTC)

Bêste Aliter,

Doe't ik fan 'e wike mei in soad teloarstelling skreau dat ik op myn list romte ynromje moast foar it wurd "bestân" en dêrfandinne mar net fierder oan it begryp "triem" lûke woe, hie ik nea tinke kinnen, dat it wurd "triem" foar in soad brûkers al sa eigen wurden wie.

ALLE Frysktalige kompjûterprojekten dêr't ik troch myn list by belutsen bin, hawwe oanjûn dat se fierder wolle mei de oersetting "file-triem". Soks rûn my fansels as lijwetter yn 'e earen.

Dêrom haw ik op 'e nij kontakt hân mei it Taalburo fan de Fryske Akademy en wy hawwe besluten om it wurd "bestân" wol in plakje op 'e list te jaan, mar dan njonken it wurd "TRIEM".

Ommers wat stean bliuwt is dat "triem" de streekrjochte oersetting út it Ingelsk wei is en "bestân" in lienwurd út it Nederlânsk wei, dat foar dizze bestsjutting ek nochris ferfryske wurde moast. Yn 'e Wâlden

Oef, dat wie in skrik. No, dat is dan dúdlik: "Triem" is in part fan de Fryske taal!

Kinne jo by Triem dizze kombinaasje fan "triem", "bestân" en "file" útskriuwe? De Wikipedy is gjin wurdboek, mar as der ien in oar Frysk wurd brûkt, moat it fansels al in part fan it artikel wêze, oars wurdt it net fûn. Aliter 21.03, 26 mai 2004 (UTC)


Tank foar it bywurkjen fan it artikel oer de Ried; ik bin dochs al faak wat hastich mei skriuwen, mar by saken as if feroarjen fan de persoan fan de tekst ferjit it gauris wat. Aliter 18.56, 31 mai 2004 (UTC)


Ik haw yn Frysk op kompjûters de koades yn in tabel delset. Tinke jo der om de tabulator net te brûken foar web-siden, dus ek net foar de Wikipedy. Foar in webside is elts romte-teken itselde. Mar ik woe sizze: no't it in tabel is wurdt dúdlik dat in pear kombinaasjes der net by binne. Hawwe jo dý kombinaasjes ek, of binne die der net. Aliter 13.28, 3 jun 2004 (UTC)


Jo skreaunen dat yn Template:All messages wer it wurd "bestân" stie, wylst de Wikipedy fierders "triem" brukt. Ja, en Nee. Wat no sichtber is by Template: is de oarspronklike taaltriem. Dêrachter soe de hjoeddeiske ferzje stean moatte, mar dit wol op it stuit net. Mar it standert-plak foar de berjochten is no Wiki:Allmessages wurden. Hjir stiet op it stuit allinnich de hjoeddeiske ferzje, mar oars soenen dêr de ferzje út de taaltriem en de ferzje dy't we no hawwe beide opnaam wêze moatte. (De ferzje yn de taaltriem is basearre op in Nederlânske taaltriem, en is hastich dien wylst ik noch gjin idee hie hoe't it allegear funktionearre. Net falterfrij.) Aliter 15.42, 8 jun 2004 (UTC)


Ik seach jo hawwe by http://www.fryskebeweging.nl in keppeling makke mei de Wikipedy. Prachtig, wer in freon fan de Wikipedy. En no mar ôfwachtsje of minsken mei skippen tagelyk hjirhinne komme. Passe jo ek Wikipedy:Freonen fan de Fryske Wikipedia oan, of moat ik dat dwaan? Aliter 15.33, 23 jun 2004 (UTC)


Ik haw de side '"Fryske" diakrityske tekens' wiske, om't part fan de programmatuer net oer de oanheltekens kin. (De ynhâld wie dochs al op 'Frysk foar kompjûters' set.) Soenen jo al sa'n side hawwe wolle, dan koenen jo in trochferwizing meitsje fan 'Fryske diakrytiske tekens', sûnder oanheltekens. Aliter 15.53, 6 jul 2004 (UTC)


By Taal hawwe jo ûnder oaren skreaun: "Guon kombuorden yn Fryslân binne noch wol dûbeltalich." Wêrom "noch"? Is der in ûntwikkeling nei twatalige kombuorden? As dat sa is koe dat der better by stean, tink. Aliter 21.19, 12 okt 2004 (UTC)


Jo binne in soad dwaande mei it ferfryskjen fan Ingelske termen, is it net? Wat soe, op HTML, in goed wurd foar "tag" wêze? No hawwe wy "elemint", mar "element" wurdt yn it Ingelsk brûkt foar de "tags" plus de ynhâld, dat witte jo faaks in oar wurd foar "tag"? Aliter 21.19, 12 okt 2004 (UTC)

Ynhâld

[bewurkje seksje] Oerlis:Triem

Ik haw it oerlis tebekset om't it fierder gjin ekstra romte ynnimt (der komt gjin romte frij at it fuorthelle wurd) en it kin altiten nijsgjirrich wêze wat der oer in side yn it ferline oerlein is.
Boppedat fyn ik de side Triem no net echt in goede ensyklopedyske side. Hjir stiet hast neat oer wat in triem/bestân/file no is, it grutste part giet oer werôm at jo by Triem kaam útkaam binne. Is neat ferkeards oan mar net echt de bedoelding fan de wikipedy. De oerlis side jout dan wat ekstra ynformaasje, liket my sa ta. Theun 19.33, jan 25, 2006 (UTC)

Bêste Theun, jo boppesteande riddenaasje kloppet. Ik haw de side op oantrún, fan Aliter as ferdúdliking skreaun. Soks like ús doe needsaak. Yn myn beskriuwing fan no en earder bin ik der fanút gien dat de ynternetter bekend is mei it begryp "file". Ik sil besykje yn de takomst it begryp "file" nochris "ensyklopedysk" te beskriuwen. Yn 'e Wâlden 14.26, jan 26, 2006 (UTC)

[bewurkje seksje] Help frege by sinbou

Op Frysk op kompjûters hawwe jo de tekst "In Windows-tapassing mei triemmen foar ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte." skreaun. Ik wol dit graach yn in sin opnimme, mar ik wit net wat it wêze moat. Kinne jo der ris nei sjen. Aliter 21.22, mai 10, 2006 (UTC)

Tank. Aliter 02.48, mai 16, 2006 (CEST)

[bewurkje seksje] Triem

It grappige is dat ik krekt it stik dat der stie earder op de oerlis side sette soe, of op in side Wikipedy:Triem of Wikipedy:Wurdkar. Ik gong immers net oer it begryp Triem, mar oer de Wikipedy, dy't arguminten hie om it wurd triem te brûken. Dat wat wy der no tegearre fan makke hawwe, mei in stikje oer it begryp en in stik oer it wurd, liket my better. No soe der noch ris wat mear oer it begryp byskreaun wurde moatte. Faaks hat in oare skriuwe dêr niget oan. Mysha

[bewurkje seksje] Siden wiskje

Hoi Yn 'e Wâlden,

At jo in side wiskje wolle dan kinne jo dat oanjaan troch de side ta te heakjen oan de side Wikipedy:Siden wiskje yn it stikje Siden dy't neamd binne om wiske te wurden, fierders kinne jo ek op dy side dan oanjaan dat dy op de nominaasje stiet om wiske te wurden troch it berjocht {{Wiskwarskôging}} derop te setten. Theun 18 aug 2007, 21.22 (CEST)

[bewurkje seksje] Fraachje

Hiel wat oars op topografysk mêd. Ik sit eins wat te twifeljen oer Iezumasyl, east fan de dyk leit de Esumakeech, ik nim oan dat dit de fryske foarm is, alle strjittenammen yn East-Dongeradiel binne frysk. Ik haw dy side ris opset as Ezumakeech en dêr letter Iezumakeech fan makke, om it lyk te krijen mei Iezumasyl, mar ik haw it idee dat it Esumakeech wêze moat en miskien dan ek wol Esumasyl. Neffens my sizze de minsken ek altiten Esumasyl en hawwe it neffens my net oer de Ie. Witte jo hjir oars ek wat fan (of oars de TWF)? Theun 15 okt 2007, 20.38 (CEST)

Dei Theun, de gemeente Dongeradiel hat by it kombuordsje Iezumasyl in kar makke oft se foar de 'ie' of foar 'e' keazen. Dêrmei hat de gemeente, jo meie oannimme dat se oer de namme fan in buorskip neitinke, de foarset foar 'ie' jûn. De 'e' skriuwwize is eins ôfwikend. Dan leit it foar de hân om dy 'ie' fan de gemeente troch te lûken nei 'Iezumakeech' om't al dy nammen werom te lieden binne nei de Suderie.(Esonbuorren heart net thús yn dat weromlieden.)Yn 'e Wâlden 30 okt 2007, 20.07 (CET)
Bedankt, dan hâlde wy it sa at it no is. Theun 30 okt 2007, 20.26 (CET)

[bewurkje seksje] Frysk beweger en oare minsken

Bêste Yn ‘e wâlden. Ik haw op it oerlis Aldeleie regearre om’t ik fan betinken bin (dat joech ik dêr al oan) dat ditsoarte diskusjes net op de Wikipedy moatte. It is oars net dy diskusje oer Aldeleie dy’t ik mei striid bedoel. Sa’n diskusje kin fansels goed wêze as it giet om it krekt werjaan fan in artikel. De toansetting stiet my lykwols net oan (jo hawwe it oer ‘fergriemen’) en dy docht my tinken oan de striid dêr’t ik al op doel: dy fan Frysk bewegers foar it behâld fan it Frysk.

Hoewol’t dy striid op himsels goed is, jout dy in soad argewaasje by minsken dy’t wol posityf foar it Frysk oer steane. Troch dy striid (en it dêryn sa iepen oanjaan dat allinnich bewegers it goed foar ’t snotsje hawwe) is der mannich-ien dy’t ôfheakket yn it aktyf (op skrift) brûken en stimulearjen fan it Frysk. Ik haw it idee dat bewegers dat net sa goed sjogge mar ik wurd dêr withoefaak al (en net yn ’t foarste plak troch myn wurk) mei konfrontearre. Ik wurd der ek withoefaak troch bewegers op oansprutsen dat ik op it doarp meiwurkje oan dingen dy’t net yn it Frysk binne. Sa soe ik allerhande publikaasjes dy’t ik foarmjou ferfryskje moatte en oars wegerje moatte se foarm te jaan. Ik ha slim lêst fan sokke reaksjes. Wy libje no ienkear yn de tiid sa’t dy der hinne leit. Ik fernim hiel faak positive reaksjes (al wurde dy net eksplisyt útsprutsen) as ik sitaten fan lju dêr’t ik wis fan bin dat se eat yn it Frysk sein hawwe yn publikaasjes ek yn it Frysk op nim. Dat hat tink mear doel as de auteur oan te trúnjen mar ris in kursus Frysk te folgjen. Ik fernim de lêste jierren ek dat ik op myn mailferkear hieltyd faker Frysktalige antwurden krij (gauris mei de ferûntskuldigings foar it minne Frysk). Ik bin net fan doel dy minsken allegear te wizen op har minne Frysk en oan te poenjen it better te dwaan.

De bewegers dogge dat al fierste folle. Soks stekt by minsken dy’t it op himsels spitich fine dat se it Frysk op skrift net better behearskje, nim dat mar fan my oan. Dy minsken binne lykwols benaud mei Frysk beweger assosjearre te wurden.

Ik soe nammers alle harsels as beweger oantsjuttende minsken noch wolris in eksamen Frysk ôfnimme wolle. Ut ûndersiken docht hieltyd bliken dat sa’n 17 persint fan de Friezen oanjout Frysk skriuwe te kinnen. De earste fraach is fansels oft se dat njonken it kinnen ek dogge. De twadde fraach is hokker kwalifikaasje oan dat kinnen taskreaun wurde moat. Ik doar hast te wedzjen dat noch gjin 17 persint fan de bewegers min ofte mear goed Frysk skriuwe kin!

Ik haw de reaksje op Aldeleie set om myn soarch út te sprekken oer it stadium fan de Wikipedy en dat de wiky mei ditsoarte diskusjes (dêr't ik dus de striid fan de altwittende Frysk-beweger yn weromken) net foarút komme sil. In sa’n goed medium fertsjinnet better en moat sa gau mooglik mandeguod fan de Friezen wurde. Want lykas SMS en email is it by útstek in medium om it Frysk brûke te doaren.

Moat ik fierder út dyn (ik doch mar do want likegoed as datsto witst wa’t ik bin, wit ik fansels wa’tsto bist) reaksje opmeitsje dat ik myn baan oan de Frysk bewegers te tankjen ha? En my sadwaande net roere mei? Dat meitsje ik alteast min-ofte-mear út it wurd ‘boppedat’ op.

It soe ek wêze kinne dat ik njonken it wurk sa mei it Frysk behept bin dat ik graach in bydrage oan de Wiky leverje op dy mêden dy’t ik nijsgjirrich fyn (jo stekke der och sa’n soad fan op). Ik hoopje dêrby lykwols al op in sniebaleffekt, want oars wurdt it him net mei de Wikipedy. Mar faaks bisto fan betinken dat sa’n effekt net sa wichtich is, mar dat it der benammen om giet dat de Wiky geef-Fryske wurden brûkt (om’t oars de taal ferlern gean soe) ek al begrypt gjin minske dy (sjoch dyn list mei Fryske komjûterterms). Neffens my – mar dat sil ûnderwilens dúdlik wêze – jout sa’n list allinnich argewaasje en sille minsken wol trije kear oant tsien ta telle ear ’t se mei Frysk skriuwen út ein sette. Ik tink dat soks o sa spitich is – mar wol wier.

Myn stikje oer miggefangen hat hjir it measte - mar al in bytsje - net mei te krijen. Friezen wolle net dat elkenien har allegeduerigen yn taalgebrûk korrisjearret. Dat komt nammentlik nochal 'drammerig' oer. De reaksje fan Swarte Kees dêrop begryp ik folslein en ûnderskreau dy ek alhiel want sels ha ik ek lêst fan dy bedriuwsblinens. Dat is lykwols hiel wat oars as de attitude dy't bewegers gauris oannimme. --romke fan tomke 20 okt 2007, 20.58 (CEST)

Bêste romke fan tomke, sil ik mar sizze. De Topografyske Wurkgroep Fryslân bestiet út minsken dy't allegearre de 'Ried fan de Fryske Beweging' net mear persoanlik stypje. De leden fan ús groep hawwe har oant yn it deistichbestjoer fan de RfdFB ta út 'e naad wurke om de rúten dêr iepen te krijen. It is spitigernôch net slagge om soks te berikken. Wy fûnen dernei de kennis oer de Fryske topografy, dy't wy as wurkgroep nei 13 jier yn hûs hawwe, te goed om wei. Soks hâldt foar ús net yn dat wy de Fryske bewegers, dy't mei Fedde Schurer, Titus Brandsma en in soad oaren it noadige foar it Frysk dien hawwe, beskite. Wy sjogge ús noch stees as 'frije' bewegers. Fansels moatte Fryske bewegers op dit stuit oars wurkje as krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Dat is se binnen de 'Ried fan' sa't it skynt net mear te learen. It is net oars. Ik haw al sein dat soks foar ús reden ta fertrek wie. Wy kinne mear mei de pragmatyske oanpak fan de âld-deputearre as mei de dogmatyske opstelling fan de klup dêr't wy ús earder foar ynspand hawwe.
Sa't dy de korreksje fan de taal 'drammerig' oer komt, haw ik dat minder by taal as by it ferbouwen fan in stikje, as wy it oer it bleate ferbouwen hawwe. Eltsenien hat in oare yrritaasjegrins. Dan hast twa mooglikheden of do slachst in piketpealtsje foar safier asto dêrmei wat berikke kinst of do wachtest op de folgjende 'skoalmastereftige' reäksje. Myn ervaring is dat hoe mear yrritaasje ast garrest hoe earder datsto of de oare derút knalt. Sa fier lit ik it de meastentiids net komme. Mar ik sjoch yn de goedichheid net wat soks mei dat etiket fan Fryske beweger te krijen hat. Miskien plakke wy nei Fortuin wol fiersten te maklik etiketsjes. Dat hiele yndielen fan Fryske bewegers en oar folk, dêr sil ik út respekt foar de skiednis net oan mei dwaan. Yn 'e Wâlden 21 okt 2007, 12.37 (CEST)
Dei Yn'e Walden.Ik haw it oerlis no in pear dagen oansjoen en wol der eins net tefolle oer sizze. It giet sa stadichoan hielendal nergens mear oer. As de gewoane siden like hurd oangroeie soene as bg. de oerlisside oer "Alde Lijen" dan bouwe wy mei-inoar wat moais op. Ik soe in oprop dwaan wolle om as grutte minsken de boel ôf te sluten, en it der net mear oer te hawwen. It giet op't lêst net om it lêste wurd mar om it lêste sinnige wurd. Piketpealtsjes binne meast om eat op te bouwen en dat besykje wy allegear mei de Wikipedy. As de piketpealtsjes brûkt wurde om skuttingen op te bouwen wêrtroch't men de eigen meistanners net mear sjen kin, dan is fan opbouwen gjin sprake mear en buorkje wy efterút. Lit dizze oprop dan in piketpealtsje wêze foar wat moais dêr't wy en oare minsken grutsk op wêze kinne. Swarte Kees 21 okt 2007, 15.32 (CEST)

[bewurkje seksje] Esonbuorren

Goeie,

Jo hawwe op de side fan Eanjum ek Esonbuorren as buorskip derbyset. No hat in buorskip net echt in offisjele status. Mar Esonbuorren liket my neat mear as de namme fan in strjitte, wêr't ien as twa hûzen steane.
No hawwe dy nammen komme dy nammen (yn fernerderlânske foarm) fansels wol op âlde kaarten. Mar it giet dan neffens my op de pleatsen dy't krekt west/súdwest fan Iezumasyl lizze, oan de westkant fan de Suderie. De strjitte Esonbuorren leit east fan de Suderie. Der wie ek in Ezumbuursterweg, mar dy hjit no fan Monnikhústerwei. At Esonbuorren fan Ezumburen ôflaat is ôft dêr in ferwizing yn sit nei Esonstêd, ik haw gjin idee.
Dyksterhuzen wie neffens my in buorrentsje noard fan Iezumasyl by de dyk del dat letter ôfbrutsen is by in dyksferheging. Miskien better om dizze twa nammen op de side fan Iezumasyl te neamen en dêr Redirects nei Iezumasyl fan te meitsjen? Theun 28 okt 2007, 15.56 (CET)

Ek goeie! Ik haw dizze nammen fan de Kuier- en fytskaart fan Fryslân. Neffens dy kaart leit Dyksterhuzen krekt boppe en Esonbuorren krekt ûnder Iezumasyl. De kaart is útwurke en útjûn troch Versloot-kartografy-Hilaard. Dyselde hat ek yn opdracht fan de Provinsje Fryslân de wetter(namme)kaart makke. Versloot hat besocht op dizze kuierkaart safolle as mooglik alle buorskippen te neamen. En it binne of hawwe grif mar útbuorrentsjes west. It ferskowen nei Iezumasyl liket my prima, as de nammen mar earne foarkomme.Yn 'e Wâlden 28 okt 2007, 20.09 (CET)

[bewurkje seksje] Postkoades

Ik seach jo binne dwaande mei it útsykjen fan postkoades, no hy ik altiten noch yn de holle om by de doarpen in ynfoboks te meitsjen lykas by de gemeenten. Dêrfoar haw ik alris rûnsjoen oft ik earne in list mei postkoades fine koe, ik wit net of jo dizze side http://home.wxs.nl/~pagklein/gemeente/frpostcode.html ek alris sjoen hawwe? Miskien hawwe jo dêr help fan. Theun 30 okt 2007, 12.58 (CET)

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com