Cambuur stadion
From Wikipedy
It Cambuur Stadion is it fuotbalstadion yn Ljouwert, fan de proffuotbalklub Cambuur Ljouwert. It stadion is op 12 septimber 1936 iepene. Yn 1995 en yn 1999 is it gebou folslein renovearre. It stadion bestiet út fjouwer los fan elkoar steande tribunes. Der kinne sa’n 10.000 minsken yn, allegear sitplakken, en allegear oerdekt.
It stadion is eigendom fan de klup sels. Trochdat Cambuur al ferskate jierren yn finansjele problemen ferkeart, geane der ek al inkele jierren de geroften dat Cambuur it stadion ferkeapet oan de gemeente Ljouwert of oan in ynvestearingsmaatskippij. Dêrmei soe Cambuur de skulden ôf losse kinne.