Ljouwert (gemeente)
From Wikipedy
Gemeente Ljouwert | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | G.D. Dales |
Haadplak | Ljouwert |
Gebiet - wetter |
84,11 km² - 3,33 km² |
Ynwenners | 91.749 |
Ferkearsieren | A31/N31, N32, N355 |
Netnûmer | 058 |
Postkoades | 8900 - 9089 |
Offisjele webstee | www.leeuwarden.nl |
Ljouwert (Leeuwarden) is in gemeente yn de provinsje Fryslân. As gemeente hat Ljouwert 91.749 ynwenners (1 jannewaris 2005), en in gebiet fan 84,11 km² wêrfan 3,33 km² wetter.
Ljouwert is ûntstien út trije terpen op de râne fan de Middelsee, mar yn de 16e ieu krige de stêd it hiele Middeltrimdiel fan Ljouwerteradiel ta gebiet. Troch gemeentlike weryndieling is yn 1944 ek it Sudertrimdiel part fan de gemeente Ljouwert wurden.
It haadplak fan de gemeente is de stêd Ljouwert, en de oare plakken yn de gemeente binne: Goutum, Himpens, Lekkum, Miedum, Snakkerbuorren, Swichum, Tearns, Wurdum en Wytgaard.