Departemint Fryslân
From Wikipedy
Departemint Fryslân bestie fan 1801 oant 1814, en wol yn trije ferskillende, opienfolgjende gedaanten.
Neidat it âlde Fryslân yn 1798, by de oprjochting fan de Bataafske Republyk, ferdield waard oer de Bataafske departeminten fan de Eems en de Alde Isel, kearde men yn 1801 werom nei it departemint Fryslân op it mêd fan de âlde (en hjoeddeiske) provinsje.
Dêrnei wie it fan 1806 oant 1810 in departemint fan it Keninkryk Hollân.
Yn 1810, by de anneksaasje fan "Hollân", waard it in Frânsk departemint ûnder de namme Friesland of Frise.
Yn 1814, by de nederlaach fan Napoleon, waard it fannijs de provinsje Fryslân, no as diel fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen.
De haadstêd wie altyd Ljouwert. Yn de Frânske tiid waard it departemint yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons:
- Ljouwert, kantons: Burgum, Bûtenpost, Dokkum, Dronryp, Frjentsjer, Hallum (Ferwerderadiel), Harns, Holwert en Ljouwert
- It Hearrenfean, kantons: Akkrum, Beetstersweach, It Hearrenfean en Aldeberkeap (Eaststellingwerf)
- Snits, kantons: Boalsert, Hylpen, De Lemmer, Raard en Snits.