Germania Inferior
From Wikipedy
Germania Inferior (Neder-Germanje) wie in Romeinske provinsje dy' oan de linkerside fan de Ryn lei. De provinsje omklamme it gebiet dat tsjinwurdich diel utmakket fan Sud-Nederlân en it westen fan Dutslân. De haadstêd wie Colonia Agrippinensis (ek folút Colonia Claudia Ara Agrippinensium), tsjinwurdich Keulen. Oare wichtige plakken wienen Bona (Bonn), Castra Vetera (Xanten), Noviomagus (Nijmegen) en Trajectum ad Rhenum (Utert).
De ynwenners fan it gebiet kamen foar it earst yn oanreitsing mei de Romeinen tidens de Galyske oarlochen fan Julius Caesar. Yn 57 v. Kr. waard de regio beset troch de troepen fan Caesar en fan ôf 50 f. Kr. waarden de earste Romeinske nedersettingen boud. It gebiet wie doe yn part fan de provinsje Belgica.
De term Germania Inferior is ûntstean neidat keizer Domitianus yn it jier 90 de twa militaire gewesten lâns de Ryn folwurdige provinsjes makke hat: Germania Inferior (mei as haadstêd Colonia Agrippina) en Germania Superior (mei as haadstêd Moguntiacum, tjsinwurdich Mainz). Het adjectief Inferior ferwiist nei de lizzing fan de provinsje ten opsichte fan it heecher lein Germania Superior.
De provinsje wie Romeinsk grinsgebiet, en makke as sadannich diel út fan de limes. De provinsje hie in soad fersterkte pleatsen en der wienen in proatte soldaten oanwezich.
Oan de Romeinske oanwezigens kaam likernôch yn 406 in ein.
[bewurkje seksje] Eksterne keppeling
[bewurkje seksje] Literatuer: Algemien
- Tilmann Bechert, Römisches Germanien zwischen Rhein und Maas. Die Provinz Germania Inferior (1982 München)
- Danny Lamarcq & Marc Rogge, De taalgrens (1996 Leuven)
- Jona Lendering, De randen van de aarde. De Romeinen tussen Schelde en Eems (2000 Amsterdam)
[bewurkje seksje] Literatuer: Spesifyk
- Tilmann Bechert & Willem Willems, Die römische Reichsgrenze zwischen Mosel und Nordseeküste (1995 Stuttgart)
- Maureen Carroll, Romans, Celts & Germans. The German Provinces of Rome (2002 Stroud)
- J.F. Drinkwater, The Gallic Empire (1987 Stuttgart)
- Wim van Es, De Romeinen in Nederland (1981² Haarlem)
- Stephan Fichtl, Les Gaulois du Nord de la Gaule (1994 Paris)
- Thomas Fischer, Die Römer in Deutschland (1999 Darmstadt)
- M. Gysseling, "Germanisering en taalgrens" in: Algemene geschiedenis der Nederlanden 1 (1981) 100-115
- M.E. Mariën, Belgica Antica (1980 Antwerpen)
- Nico Roymans, Romeinse frontierpolitiek en de etnogenese van de Bataven (1998 Amsterdam)
- W. Schlüter, Kalkriese - Römer im Osnabrücker Land (1991 Bramsche)
- Simon Wynia, "Caius was here. The Emperor Caius' Preparations for the Invasion of Britannia: New Evidence" in: H. Sarfatij, W.J.H. Verwers, P.J. Woltering (eds.), In Discussion with the Past. Archaeological studies presented to W.A. van Es (1999 Amersfoort).