Hans Christian Andersen
From Wikipedy
Hans Christian Andersen (2 april 1805 – 4 augustus 1875) is in ferneamde Deenske skriuwer en dichter, it meast ferneamd fanwege syn mearkes.
Hans Christian Andersen wie hikke en tein yn Odense. Hy wie de soan fan in skuonmakker. Syn heit ferstoar lykwols doe't Hans Cristian alve jier âld wie. Doe't Hans Christian noch lyts wie buorte er graach mei syn poppeteater. Hy woe graach akteur wurde mar hy waard net oannaam by de keninklike teaterskoalle. Syn oplieding krige hy oan in skoalle foar de earmen, oan't hy op syn santjinde troch tadwaan fan freonen in beurs krige foar in goeie skoalle. Op dizze lêste skoalle waard hy in protte narre troch de leararen en de learlingen.
Syn debút wie yn 1827 mei it gedicht Det døende Barn (It stjerrende bern). Yn 1835 waard de roman Improvisatoren (De improvisator) útbrocht nei in stúdzjereis troch Jeropa. Dizze roman wie sawol in beskriuwing fan Itaalje as in autobiografy. Yn 1835 waard ek syn earste samling Eventyr, fortalte for Børn (Mearkes, oan bern ferteld) útjoen. It wiene meast tradisjonele mearkes dy't hy op 'e nij fertelde. De samling wie bedoeld foar folwoeksenen, hoewol de ferhalen ek troch bern goed te begripen wiene. Syn lettere samlingen mearkes, mei eigen mearkes, waarden hieltyd mear foar folwoeksenen skreaun.