Skoatterlân
From Wikipedy
Skoatterlân (Schoterland) wie in eardere gemeente yn it súd-easten fan Fryslân by de Tsjonger lâns, mei in gebiet fan 152,50 km².
By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is it grutste part fan Skoatterlân in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei. In part yn it súdwesten mei Dolsterhuzen, Reahel, Rotsterhaule, Rottum en Sint Jansgea waard tafoege oan Haskerlân.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie Aldskoat, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: De Knipe, Dolsterhuzen, it Hearrenfean, Hoarnstersweach, Jobbegea, Ketlik, Skuregea, Aldehoarne, Nijhoarne, de Mar, Mildaam, Nijskoat, Reahel, Rotsterhaule, Rottum, en Sintjansgea.