Johan Cruijff
From Wikipedy
Hendrik Johannes Cruijff (Amsterdam, 25 april 1947, Johan Cruijff) is in âld Nederlâns proffuotballer en fuotbaltrener. Cruijff hat ien fan de beste fuotballers oait op de wrâld west. Hy waard útrôpen tot de beste Jeropeeske fuotballer fan de 20e ieu en hat folle oare oeuvre prizen weaun. Johan Cruijf hat tegearre my syn frou Danny Coster trije bern: Chantal (16 novimber 1970), Susila (27 novimber 1972) en Jordi (9 februari 1974). Jordi Cruijff hat ek betelle fuotbal spiele.
Cruijff waard ynternasjonaal bekend troch syn technyske spel en syn taktyske ynsjocht. Hy is ien, nettsjinsteande hy relatyf net safolle prizen weaun my it fuotbal, ien fan de beste fuotballers oait west neist spilers as Pelé en Maradona.
De achternamme fan Cruijff wurd meastal mei in Grykske Y skreaun. Yn folle frjemde talen komt de kombinaasje 'uijf' net foar en is it moeilik út te sprekken. Dêrom wurd de namme faak ferynternasjonaliseerd ta Johan Cruyff. Dizze namme brûkt hy ek by syn kolumn yn de Telegraaf.
[bewurkje seksje] Biografy as fuotballer
Cruijff groeide op yn it Amsterdamse Betondoarp. Op syn tsiende waard hy lid fan Ajax wêr hy op 15 novimber 1964 debutearre yn it proffuotbal. De wedstriid eindige yn 1-3 foar GVAV, de tsjinstander fan die dei. Cruijff makke it ienichste doelpunt fan Ajax. Uteinlik soe Cruijff alve jier foar Ajax spielje, yn acht seizoenen dêrfan waard hy kampioen fan Nederlân.
De oanfaller spiele foar it earst yn it Nederlânsk alftal op 7 septimber 1966, tsjin Hongarije, de wedstriid eindige yn 2-2 mei in doelpunt fan Cruijff. Cruijff krych in syn twadde wedstriid foar Oranje in reade kaart. It wie de earste reade kaart die it Nederlânsk alftal yn de skiednis krych.
Yn it seizoen 1973/1974 gie Cruijff nei FC Barcelona. De Catalanen betellen 6 miljoen gûne (san 2,5 miljoen euro) foar de spits. Dêr waard hy ferienige my syn âld-trener Rinus Michels. Hy spile oant 1978 ta by Barcelona wêrnei hy yn Amearika gie fuotbaljen foar de Los Angeles Aztecs en letter by de Washington Diplomats. Yn 1980 kearde hy wer werom nei Spanje, dizze kear by Levante, wêrop hy wer nei Amearika ta jit en wer foar de Washington Diplomats gjit spyljen. Yn 1981 komt hy wer nei Nederlân ta om by syn âlde leefde Ajax te spyljen en syn karriêre ôf te sluten.
Mar it ron oars. Yn ’82 woe Ajax it kontrakt fan Cruijff net ferlenge. Dêrop gie hy nei artsrivaal Feyenoord ta. Dat jier waard Feyenoord oan de hân fan Cruijff kampioen en weaun it de KNVB Beker.
Yn 1974 hat Cruijff meidien oan it wrâldkampioenskip fuotbal. Nederlân wist de finale te heljen, mar ferlear dêryn mei 2-1 fan Dútslân. Yn totaal spiele Cruijff 48 wedstriden foar Oranje. Dêryn skoarde hy 33 kear.
[bewurkje seksje] Biografy as trener
Nei syn aktive rinbaan as fuotballer waard Cruijff trener. Hy begong by Roda JC as technysk direkteur wêrnei hy yn 1985 yn dizze funksje by Ajax werom kearde. As trener waard Cruijff yn de seizoenen ‘85/’86 en ‘86/’87 kampioen en weaunen se yn beide jierren de KNVB Beker. Yn 1987 spiele Ajax foar it earst yn alve jier wer in Jeropa Kup finale. Ajax weaun de finale fan Lokomotiv Leipzig mei 1-0 troch in doelpunt fan Marco van Basten. In jier letter naam Cruijff ûntslach as trener by Ajax.
Yn 1988 krych Cruijff de kâns om by It Hearrenfean trener te wurde. Mar even letter kaam 'syn' Barcelona wêrnei hy dêr hinne gie. By Barcelona weaun hy hast alles wat er te winne foel. Oant 1994 ta weaun ‘Barca’ elk jier ien of meardere prizen. Maar sûnt ’94 gie it de ferkearde kant op. Yn it seizoen ‘95/’95 krych Cruijff dan ek ûntslach. It Barcelona fan die tiid krych as bynamme ‘Equipo de Sueño’, wat dreamploech bestsjut.