Klodio
From Wikipedy
Klodio wie kening fan de Salyske Franken yn de tiid fan de Grutte Folkeferfarren. Hy hearste fan ôf likernoch 428 oan't 448. Neffens de leginde soe er de soan west hawwe fan kening Faramond.
[bewurkje seksje] Skiednis
Guon tinke dat Klodio oarspronklik út Turingen kaam - der hie hy syn machtsbasis yn Dispargum in terminum Thuringorum (Dispargum oan de grins fan Turingen), mar it is ek mogelik dat 'Thuringorum' in skriuwfout foar 'Tungrorum' (Tongeren) is.
Klodio oermasterje de Romeinske stêden Doornik en Kameryk in 432 op de Romeinen en besette it hiele gebiet oant de Somme, tsjinwurdich Belgje en Noard-Frankryk. Hy makke dêrby de stêd Doornik ta syn haadstêd. Om 448 hinne waard hy troch de Romeinen ferslein by Atrecht yn Arteesje. Nettsjinsteande syn nederlaach, bleau it gebiet dat er op de Romeinen ferovere hie yn Frankyske hannen. Klodio waard bûnsmaat fan de Magister militum Aetius en stoar koart dernei. Hy waard opfolge troch Merovech, dy't nei gedachten syn soan wie.
[bewurkje seksje] Boarne
- Sidonius Apollinaris, Romeinske skriuwer, politikus en biskop
- Gregorius fan Toers, Galyske biskop
[bewurkje seksje] Literatuer
- Edward James, De Franken, Baarn, 1988, pag. 251.