Belgje
From Wikipedy
|
Belgje (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lân in West-Jeropa. De haadsted is Brussel, wat ek wurdt beskôge as de politike haadstêd fan Jeropa. De kening fan de monargy is sûnt 1993 Albert II
Belgje wurdt begrinzge troch:
- Nederlân yn it noarden;
- Dútslân yn it easten;
- Lúksemboarch yn it súdeasten;
- Frankryk yn it suden;
- It Kanaal yn it westen.
Bestjoerlik is de steat Belgje opdield yn Waloanje, Flaanderen en it gewest Brussel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Hichte
Belgje wurdt fan it easten nei it westen hieltiid leger. Yn it easten binnen de Ardennen en de Hege Feanen, mei as heechste punt it Signal de Botrange. Dan it gebiet tusken de rivieren, wat net sa heech is, mar dêr't al noch hichteferskillen binne. En perslot komt yn it westen it flakke lân, mei polders yn it binnenlân en dunen oan de seekust.
[bewurkje seksje] Rivieren
Yn it easten komt de Maas út Frankryk nei it noarden it lân yn, komt by Namen gear mei de Samber, rint dan nei it noardeasten nei Luik, en rint dan wer nei it noarden Nederlân yn. Westliker komt de Skelde by Doornik út Frankryk it lân yn, rint nei it noarden nei Gent, dan eastliker nei Antwerpen, en fan dêr nei de Nederlânske grins. Yn it westen komt de Yser út Frankryk en rint yn de omkriten fan Nijpoart yn see.
[bewurkje seksje] Kaart
boarne: The World Factbook CIA
[bewurkje seksje] Gearwurking
Belgje is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).