Ljouwerteradiel
From Wikipedy
Gemeente Ljouwerteradiel | |
---|---|
![]() |
|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | E.J. ter Keurs |
Haadplak | Stiens |
Gebiet - wetter |
41,38 km² - 0,58 km² |
Ynwenners | 10.493 |
Ferkearsieren | N357, N393 |
Netnûmer | 0518, 058 |
Postkoades | 9051-9057 9071-9072 |
Offisjele webstee | www.leeuwarderadeel.nl |
Ljouwerteradiel (Leeuwarderadeel) is in gemeente yn it noarden fan Fryslân, mei 10.493 ynwenners (1 jannewaris 2006), en in gebiet fan 41,38 km2, wêrfan 0,58 km2 wetter.
Ljouwerteradiel wie eartiids de Gritenij om Ljouwert hinne. It wie opsplitst yn trije Trimdielen. Sawat 1435 waart it Middeltrimdiel ta gebiet fan de stêd Ljouwert. Yn 1944 is ek it Sudertrimdiel part fan Ljouwert wurden, sa't it Ljouwerteradiel fan hjoed de dei allinich it Noardertrimdiel is.
It haadplak fan de gemeente is Stiens, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldeleie, Britsum, Feinsum, Hijum, Jelsum en Koarnjum.
Fierders leit ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn de gemeente.
Yn Ljouwerteradiel leit de âldste state fan Fryslân, Dekema-state. Yn Koarnjum stiet dêrneist noch Martenastate. Ljouwerteradiel is in agraryske gemeente, mar der wenje ek in soad op-en-del-reizgers.
Bestjoerlike gearwurking
Ljouwerteradiel wurket gear mei oare gemeenten. Sa wurket Ljouwerteradiel yn it BOS-L ferbân gear mei de gemeenten rûnom Ljouwert op it mêd fan folkshúsfesting, yn it Middelsee ferbân op it mêd fan ûnder oare ICT en op it mêd fan sosjale saken en wurk wurdt gearwurke mei acht oare gemeenten.