Meidogger oerlis:Mysha
From Wikipedy
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wolkom
Nog wolkom op de Fryske Wikipedy.
Moai dat jo jo oanmeld hawwe en ek fuortendalik dwaande mei saken om de wikipedy goed en aktueel te hâlden (fandalisme bestriding en Berjocht:Maart).
Ek al moat it skip mei tiid noch komme (jild foar de measten dy't hjir wolris wat dogge tink ik), sa no en dan wat omsneupe en ek nochris wat ferbetterje is ek net ferkeard. Minsken dy't diplomearre binne yn de Fryske taal kinne wy altiten brûke. Dêr hear ik noch net by, at it skip mei tiid komt wie ik wol fan doel omris in kursus Frysk skriuwen by it AFUK te folgjen.
In protte nocht tawinske, Theun 18.57, mar 7, 2006 (UTC).
- Tank. Mysha
[bewurkje seksje] Hommema sate
Goeie Mysha, Ik seach jo berjocht oan Abe Westra, en ik ha sels ek mar op myn kaarten sjoen. Ik nim oan dat Abe bedoeld dat de pleats yn de himrik fan Hijum lei. De pleats lei sa'n 500 meter fan Aldeleije, oan de noard-eastkant, oan de eastkant fan de hijumer feart. Stiet op in kaart út 1930 oanjoen as Arjen Roelofs.Theun 16.04, mar 14, 2006 (UTC)
[bewurkje seksje] eardere Fryske gemeenten
Dat wie my efkes ûntkomd... Tige dank foar jo réaksje. It liket my it beste om it ûnderwerp der ôf te heljen. Groetnis, 15.41, 3 nov 2006 (CET)
[bewurkje seksje] see/wrâldsee
It stikje mei see is domwei oersetten fan de Ned. Wikipedia. It lemma "See" stie op de side mei 'winske om oer te setten nei it Frysk'. Jo hawwwe gelyk, wrâldsee is kwa ynhâld in bettere titel.Feroarje it mar, Groetnis, Swarte Kees 14.45, 10 nov 2006 (CET)
[bewurkje seksje] gesin/famylje
It wurd "húshâlding" soe ek noch yn de beneaming komme kinne, Groetnis,Swarte Kees 19.26, 23 nov 2006 (CET)
[bewurkje seksje] ofbylden
Hi Mysha,
Efkes wat útlis foardat jo tinke wat hat dy Theun no wêr bydein.
Jo hawwe fannemiddei wat fandalisme tebekset, mar it wie eins gjin fandalisme. Ik hie de meidogger dy't dizze ofbylden op de wiki set hie yn in persoanlik gesprek frêge wêr at hie dy ofbylden weihie, 'hjir en dêr fan it ynternet plukt' wie it antwurd. Doe haw ik útlein dat allinich ofbylden dy't frij te brûken binne tastien binne op de wiki en hat hy se sels by de siden weihelle.
Ik haw de ofbylden wêr of't it oer giet op de wisk list setten en de ofbylden wêr oft ik gjin ferfanging foar hie ek op de siden fuorthelle. Joop Zoetemelk is in apart gefal want der stiet op commons in ofbyld mei deselde namme. Of't de ofbylden wiske binne (nei 15 dagen) dan komt automatysk it ofbyld fan commons op de side te stean.
Groetnis Theun 21.34, 23 nov 2006 (CET),
Dei Mysha,
Soesto de side fan triem weromsette wolle. Ik haw dy side earder op oantrúnjen fan de moderators skreaun om útlis te jaan oan de kar te jaan. Dyn stik heart neffens my thús op de diskusjeside/oerlisside fan triem.
Groetnis, Yn 'e Wâlden 13 des 2006, 12.56 (CET)
Dei Mysha,
Ik kin my mei de lytsje oanpassings dy't ik dien haw wol yn dyn teksten fine.
Yn 'e Wâlden 14 des 2006, 10.43 (CET)
[bewurkje seksje] Wiskwarskôging
Hi Mysha,
Soene jo at jo siden útwreidjze of oanpasse dy't in wiskwarskôging hawwe, dit ek op de Wikipedy:Siden_wiskje oanpasse wolle. At ik net earst efkes sjoen hie oft der ek noch wat op dizze siden oanpast wie hie ik se miskien wol te gau fuortsmiten. ;) Theun 15 des 2006, 22.16 (CET)
- Ik doelde op de siden Wikipedy:Siden_wiskje#Siden_dy't_net_wiske_binne.
- Jo binne faaks mids op de dei op de wikipedy dwaande mei it tebeksetten fan fandalisme en jo binne ek wol tige bekend mei it wurk op de wiki. Hawwe jo der miskien ek ferlet fan om behearder te wurden. It is wol maklik mei it tebeksetten en wiskjen fan nije siden mei fandalisme. Ek kinne je dan in anonym blokkearre at dy oan de gong is at jo it merke.
- Ik haw it idee dat ik de ienichste behearder bin dy't hjir (hast) eltse dei aktyf is (B. is der yn't wykein ek wolris) dat ik kin wol wat stipe brûke wat dat oangiet. Theun 20 des 2006, 19.43 (CET)
[bewurkje seksje] Presys likernôch
Goeie Mysha,
Jo hawwe op Wynjewâld it wurd likernôch fuorthelle by it oantal ynwenners. No stiet it op hast alle doarpsiden sa en ik fyn it sa wol moai en dúdlik stean.
- It is neffens my sa dêr in tal ynwenners fêstlein is op in bepaalde datum. Of dat tal ynwenners op dit stuit noch presys like folle is hawwe wy fansels gjin idee fan, mar is sil wol yn de buert lizze. Dêrom likernôch.
- Of hawwe jo it idee dat likernôch allinnich by getallen stean mei dy op tsientallen of hunderttallen einigje? Dat fyn ik fansels wol wêr in hiel metrysk POV. Theun 15 jan 2007, 21.30 (CET)
- Ik wit net presys hoe at it tocht wie, sa at ik it besjoch binne der ferskillende opsjes.
- ... hat likernoch 343 ynwenners (2005). - fyn ik logysk, yn 2005 wiene der 343 ynwenners dus dat sil no ek net folle skille
- op 1 jannewaris 2005 hie .... 343 ynwenners. - klopt presys, hjir soe likernôch beslist net op syn plak weze.
- ... hat 343 ynwenners (2005). - fyn ik ek net in probleem mar ik tink der dan fansels al by dat kin no wol wat oars wêze.
- Likernôch hoecht om my net fuort, mar it is tink ik in kwestje fan persoanlike foarkar.
-
- Hawwe jo myn list mei antwurden op jo oanmerkings wol sjoen. Ik hie der noch wat iepensteande punten tuskenstean, ûnder oaren om de ôfbylden oan te tsjutten, wat fine jo dêrfan? Theun 17 jan 2007, 19.13 (CET)
[bewurkje seksje] Klovis
Hoi Mysha, ik sjoch dat sto it ien en oar oanpast hat yn'e stavering en de namen fan it artikel, haw ik it sa slim dien? It giet mei no om de name fan Ragnagar. Neffens mei moat it Ragnashar weze, dât komt mear tagemoet oan'e utspraak, fienst ek net? Ik hie immers al in artikel oer him makke. Oars moat ik de name oanpase. Wat fiensto?--Geoffrey 22 jan 2007, 16.36 (CET)
- Do hast mei oerstjoege. Fan Theun hie ik begrepen dât wy ien it frysk de C net brûke, dan kin it beter Ragnagar wurden. Fjirder hiest de oare namen in it artikel al moai oanpast oan it Frysk. Ik sil se oernimme --Geoffrey 22 jan 2007, 17.33 (CET)
[bewurkje seksje] Widukind
Hoi Mysha, ik fien it prachtich wasto dochst mei it artikel. Ik haw it benammen oersetten ut it Nederlansk, om't ik in artikel meitsje wol oer it Fryske ryk, mar safier bin ik noch net. Ik wol mei der earst fjider ien ferdjippe. Widukind fûn ik intressant om't troch him de Friezen yn opstân kaamen yn 784. It wie foar mei wer in goeie oefening foar myn fryske stavering. Doch mar sa asto it hawwe wolst. --Geoffrey 25 jan 2007, 13.52 (CET)
[bewurkje seksje] 782 bejint mei in tiisdei
Sorry, ik hie net troch dat sto it derby setten haddest. Ik miende dat ik it sels mei hie kopieare en dat ik net klopte. --Geoffrey 25 jan 2007, 16.03 (CET)
[bewurkje seksje] Kornelis Lely
Ik hie earst sels Cornelis Lely oanmakke (ik twifele hiel bot tusken Cornelis en Kornelis). Doe mei Klovis en it AB(C)D berjocht tocht ik, ik meitsje der dochs Kornelis fan.
It is altiten in bytsje lêstich en lûk earne in grins tusken hokker nammen passe je oan oan de fryske stavering en hokker namme litte je gewurde.
At jo fan miening binne dat Cornelis Lely better is dan wol ik it wol wer werom sette (jo meie it ek dwaan), it makket my net safolle út. Theun 25 jan 2007, 17.37 (CET)
[bewurkje seksje] Fandalisme
Hoi Mysha,
Jo hawwe in side op de Siden wiskje in side delset dy't fuort wol fuort kin. Om't der eins noch gjin dúdlik plak foar wie haw ik der in apart plak foar makke Wikipedy:Siden_wiskje#Siden_dy.27t_fuortendalik_wiske_wurde_moatte.
De side dy't jo neamd hawwe W/index.php wie al in pear kear oanmakke, ik haw dêrom in apart berjocht derfoar makke sadat de side skoattele wurde kin en it dochs liket dat de side net by de wikipedy heart. Noch betanke foar jo help hjoed. Theun 2 feb 2007, 17.40 (CET)
[bewurkje seksje] Audulfus munten
It wienen gouden munten (H. Halbertsma, Friesland Oudheid, pag. 68.)--Geoffrey 7 feb 2007, 23.26 (CET)
- Ik sil Halbertsma der ek als boarn by sette.--Geoffrey 8 feb 2007, 16.00 (CET)
[bewurkje seksje] Klodio
Hoi Mysha, ik haw it artikel oerset ut it nederlâns, fandaar. Bin it wol mei dy iens dat Pharamond net mooi frysk is, wat fienst fan Faramond?--Geoffrey 12 feb 2007, 21.42 (CET)
[bewurkje seksje] Konstantinopel
Hoi Misja, it lyket mei fan wol. Oan de namme Konstantinopel hinget immers in hiele skiednis en dat kinst benammen kwyt by in artikel oer Konstantinopel. Istabul is tjsinwurdich, Konstaninopel wie eartiids. --Geoffrey 13 feb 2007, 16.11 (CET)
[bewurkje seksje] Mythology
Mysha, ik soe it net witte, der is lykwols ien te folle. Hasto in foarkeur?--Geoffrey 30 mar 2007, 19.47 (CEST)