Wikipedy:Siden wiskje
From Wikipedy
Dit is in list fan siden dy't wiske wurde moatte, wat sizze wol dat se hielendal net mear yn it systeem foarkomme sille. Dat kinne siden wêze dêr't de ynhâld fan ferplakke is, dêr't oerstallige ynformaasje op stiet, dêr't gjin ynformaasje op stiet, ensfh. Inkeld behearders kinne siden wiskje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Gong fan saken
De opset is dat eltsenien in útstel dwaan kin om in side te wiskjen, mar dat dat proses ek wer stoppe wurde kin.
[bewurkje seksje] Utstel in side te wiskjen
As jo útstelle wolle om in side te wiskjen dan skriuwe jo dy op de list ûnderoan dizze side, mei in koarte reden, jo namme en de datum:
- Titel, reden - Brûkersnamme, datum.
(Dy lêste twa kinne jo maklik tafoegje mei fjouwer ~-tekens efter elkoar.)
Nim dan de wiskwarskôging dy't hjirûnder stiet oer en set dy boppenoan de side dy't wiske wurde sil, sa't elstsenien dy't wat oan de side feroarje wol, sjen kin dat dat gjin doel mear hat.
[bewurkje seksje] Side dy't net wiske wurde moat
Fine jo dat in side dy't op de list stiet net wiske wurde moat, helje de rigel dan fuort, en skriuw hjir op de Oerlisside hokker side it oanbelanget en wêrom dy neffens jo net fuort moat. Lykas:
Titel, reden om net te wiskjen - Brûkersnamme, datum.
De wiskwarskôging moat dan ek fuorthelle wurde, fansels, en it kin wêze dat in part fan de keppelings op'e nij makke wurde moat.
[bewurkje seksje] Ofslúten fan de list
As in side hjir stean bliuwt, dan wurdt op in stuit de list troch in behearder ôfsletten, as er de siden op de eardere list wisket. De ôfslútdatum wurdt dan ûnderoan de list tafoege. Fan dy datum ôf, is der noch 15 dagen tiid om in side fan de list ôf te heljen.
[bewurkje seksje] Wiskjen fan de siden
De siden dy't noch op de list stean as de 15 dagen om binne wurde troch in behearder wiske, útsein de behearder hat in reden om dat net te dwaan. Yn dat lêste gefal wurdt de side neamd ûnder Siden dy't net wiske binne.
[bewurkje seksje] Daalks wiskjen fan siden
Inkelt bart it dat in side daalks wiske wurdt. Dat kin bygelyks barre om't de titel obseen is, of omdat dat ynhâld apekoal is. Yn dat gefal wurdt de útlis opnaam ûnder Daalks wiske siden.
[bewurkje seksje] Siden dy't meardere kearen oanmakke wurde
Om't in side dy't gefoelich is foar fandalisme, mar noch net bestiet dochs skoattelje te kinnen is der it Berjocht:Wiske side. Troch dit berjocht op de side te setten en de side te skoatteljen kin fandalisme opkeart wurde. De side komt dan automatysk yn de Kategory:Wikipedy:Skoattele siden.
[bewurkje seksje] As in side wiske wurdt betsjut net dat it mêd net goed is
As in side hjir stiet betsjut dat net dat it mêd net op de Wikipedy heart. In wiske side kinne jo letter gewoan op 'e nij skriuwe.
In part fan de siden is allinnich oanmakke trochdat immen nei in nije side begûn, begûn is mei it skriuwen, dan nei in pear tekens der fanôfsjoen hat, mar al op "Fêstlizze" klikt hat. Dêrtroch is de side al oanmakke, mar der is gjin ynhâld.
- Stiet der in mêd op dizze side dêr't jo daalks in side oer skriuwe wolle, wiskje dy dan fan dizze side, gean nei it bewurkingsfjild fan dy side, wiskje alle tekst dy't dêr stiet, as der eat stiet, en skriuw in nijenien. Tink der al om dat der faaks nije keppelings komme moate, as dy ek al fuorthelle binne.
[bewurkje seksje] Wisk-warskôging
Foegje jo in side oan dizze list ta, set dan boppenoan dy side:
{{Wiskwarskôging}}
De Wiki makket dêr dan dit fan:
[bewurkje seksje] Side wurdt wiske
Dizze side stiet op de list fan siden dy't wiske wurde sille.
Dizze side wurdt wiske om't de side (no) net brûkber mear is.
Soenen jo noch in doel sjen foar dizze side, dan kinne jo der gewoan yn skriuwe, mar helje dan al earst de titel fan de list fan siden dy't wiske wurde sille, om't jo wurk oars ek wiske wurde soe.
[bewurkje seksje] Wisklist
[bewurkje seksje] Siden dy't wiske binne
Sjoch foar siden dy't wiske binne op Wikipedy:Wisk loch.
[bewurkje seksje] Siden dy't net wiske binne
[bewurkje seksje] Siden dy't op 'e nominaasje steane om mei koarten wiske te wurden
Dizze siden wurde wiske at se, nei't de list ôfsletten is, hjir op syn minst noch 15 dagen neamd wurde:
List ôfsletten,
- Piet Jetze Faber - is al ondermaats, en dan nog is meer dan de helft POV. Qua NPOV houd ik alleen over "Piet Jetze Faber is yn keatser. Hy is t faakst kening fan de PC wurden." - André Engels 3 apr 2007, 12.36 (CEST)
[bewurkje seksje] Siden dy't neamd binne om wiske te wurden
Dizze siden wurde wiske at se, nei't de list ôfsletten is, hjirboppe op syn minst 15 dagen neamd west hawwe:
[bewurkje seksje] Siden dy't fuortendalik wiske wurde moatte
Dizze siden moatte sa snel mooglik troch in Behearder wiske wurde om't de ynhâld obseen is, nergens op liket, of oare swierrichheden hat :