Runen
From Wikipedy
Foar it akrofoanysk prinsipe fan de runen, sjoch: Runen (akrofoanysk)
It runenschrift (koartwei runen) of futhark is it âldst bekende skrift dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters dy't besteane út rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout krast wurde kinne.
Runeninskripsjes binne bekend fan sa. 200 oant 1200 nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear ieuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it Latynske alfabet. It skrift waard benammen foar ynskripsjes op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen ensfh. brûkt. Yn hast alle gebieten wêr't Germaanske folken (wêrûnder de Wytsings) west binne, kinne runenynskripsjes oantroffen wurde.
De runentekens waarden, neist harren deiske gebrûk, ek foar it wiersizzen brûkt: omt elk skriftteken akrofoanysk] de namme fan in wurd draacht, waarden hjiroan magyske betsjuttings takend. It Dútske tiidwurd raunen (flústerje) is mei rune ferwant.
Tige bekende antike runenyskripsjes binne:
- EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO („ik, Liuwgast, soan fan Holty, foltôge de hoarn“): op de Hoarn fan Gallehus
- GUTANI O WIHAILAH („der Goten erfdiel, wijd en hillich“, folút moat der OÞAL WIH HAILAH stean): op de Ring fan Pietroassǎ (sjoch ek Goatyske Runenynskripsjes).
Yn it Sweedske Dalarna waarden guon kalinders noch oant resinte tiden yn runen opsteld.
[bewurkje seksje] Hjoeddeisk
Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hawwe runen ek in magyske betsjutting en in eigen namme per symboal. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch paganisten om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.
In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't dêrnei tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting per rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme in in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.
[bewurkje seksje] Oarsprong fan it runeskrift
It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it Latynske alfabet. Wierskynlik is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de Rhaetiërs, in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de Alpen wenne. De Rhaetiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de Etrusken ûntliend hawwe, dêr hienen sy yn de Poflakte kontakt mei.
[bewurkje seksje] Runen yn de noardse mythology
Yn de ferhalen út de noardse mythology wurdt oan it wurd runen in oare betsjutting jûn, nl. dy fan wiisheid, kennis fan it ferburgene. Yn de Hávamál wurdt ferteld fan Odin, dy't yn syn einleaze syktocht nei mear wiisheid, himsels 9 nachten lang oan in beam ophong, wêrnei't hy ta ynsjoch kaam dat it geheim efter de runen djip yn syn eigen binnenste ferburgen siet.