Syagrius
From Wikipedy
Syagrius (ferstoarn 486 of 487) wie de lêste Romeinske hearser oer (in part fan) Galje.
[bewurkje seksje] Skiednis
Syagrius folgde yn 464 Paulus op as hearser en erfde dearmei it ryk dat stifte wie troch syn heit Aegidius, en dât fanut Soissons in grut part fan noardlik Galje behearste. Hy stie bekind as de rex romanorum ('kening fan'e Romeinen'), wat oanjout dât hy nettsjinsteande syn Gallo-Romeinske eftergrûn in wichtiche posysje hie lykweardich oan Odoaker en de Fisigoatyske, Bourgondyske en Frankyske keningen. Lykas foarhinne by de Romeinen bestie syn leger foar in grut part ut Frankyske huurlingen.
Yn 486 foelen de Frankyske keningen Klovis en Ragnagar it ryk fan Syagrius yn. By Soissons kaam it ta in fjildslach, die't troch Syagrius ferlern waard. Hy flechte nei de Fisigoatiske kening Alarik II. Mar dizze stjoerde him geboeid wêrom nei Klovis, die't Syagrius dea makke liet.
Hjirmei kaam - tjien jier letter nei it tebeksette fan de lêste Romeinske keizer fan it westen - in ein aan it Romeinske gezag yn wat letter Frankryk soe neamd wurden en begûn in lange periode wearyn Germaanske keningen oer Gallo-Romeinske ûnderdanen hearske soe.
[bewurkje seksje] boarne
- Justine Davis Randers-Pehrson, Barbarians and Romans
- Edward James, De Franken