Tbilisi
From Wikipedy
Tbilisi (Georgysk: თბილისი) is de haadstêd fan Geörgje. Eartiids stie de stêd bekind ûnder de (Turkske) namme Tyflis. De stêd beslacht in oerflak fan 350 km2 en der wenje sa'n 1,4 miljoen minsken.
[bewurkje seksje] Skiednis
Sûnt de 4de ieu foar Kristus is der minsklike bewenning op de lokaasje fan Tbilisi oan de rivier de Koera (Georgysk: Mtkvari). Yn de 5de ieu stifte kening Vachtang I Gorgazali (452-502) Tbilisi. Neffens in leginde skeat de kening in pylk mei syn bôge en waard de stêd stiften op it plak dêr't de pylk delkaam. Tbilisi hat gauris beset west troch útlânske grutmachten lykas de Persen, de Turken en de Arabiren. Yn 1122 ferôveret de Geörgyske kening David de Bouwer nei swiere gefjochten de stêd. Hy ferhûzet syn residinsje fan Kuta'isi nei Tbilisi en makket dêrfan de haadstêd. Fan 1783 ôf wurdt Tbilisi ferskate kearen ferneatige troch de Persen. Yn 1801 anneksjearret Ruslân de stêd. Nei de Russyske revolúzje wurdt it de haadstêd fan in ûnôfhinklik Geörgje fan 1918 oantenmei 1921. Dan falt it Reade Leger de stêd binnen en wurdt it de haadstêd fan de Transkaukasyske Federaasje en letter fan de Sovjet Republyk Geörgje. Yn 1991 waard Tbilisi haadstêd fan in ûnôfhinklik Geörgje.
[bewurkje seksje] Gebouwen
Op de hegere plakken yn de stêd steane faak âlde tsjerken. De kommunisten hawwe ek in pear grutte gebouwen achterlitten lykas in tal unversiteits- en kultuergebouwen. Fanút de stêd kinst hast altyd ien fan, of beide, 'paadwizende' bouwurken sjen, de televyzje-útstjoermêst en it stânbyld fan de 'Mem fan Kartli'.
[bewurkje seksje] Minderheden
De grutste minderheid yn Tbilisi binne de 200.000 Armeenjers. Rûchwei de helte dêrfan binne ferdreaun út Abgaazje. Ek wenje der Russen, Osseten en Azeri. De joadske minderheid skynt al mear as 2000 jier yn Geörgje te wenjen. Ek binne der Kurdyske en Turkse mienskippen te finen.