Wâldfrysk
From Wikipedy
|
It Wâldfrysk is ien fan 'e fjouwer grutte dialekten fan it Frysk en wurdt sprutsen yn it eastlike part fan 'e provinsje Fryslân, rûchwei tusken Dokkum yn it noarden, Ljouwert, de Alde Feanen en It Hearrenfean yn it westen en de Stellingwerven yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei Grinslân en Drinte, útsein tusken Surhústerfean en Fryske Peallen, want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje Grinslân yn 'e trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein.
It Wâldfrysk tanket syn namme oan it feit dat der yn easten fan Fryslân beamrigen brûkt wurde as ôfskieding tusken greiden. Yn it westen en noardeasten fan 'e provinsje wurde foar dat doel sleatten brûkt, mar yn 'e Wâlden sakket it wetter fluch yn wei yn de sânige grûn.
It Wâldfrysk wurdt sprutsen troch nei skatting likernôch 157.000 minsken yn 'e provinsje Fryslân en de trijehoek Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein yn it oangrinzgjende part fan 'e provinsje Grinslân; hoefolle Friezen om utens Wâldfrysk sprekke is net dúdlik.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferskillen tusken Wâldfrysk en Klaaifrysk
De ferskillen tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk, it oare grutte Fryske dialekt, binne sa lyts, dat yn dit ferbân it wurd "dialekten" eins in te sterke term is; men soe better sprekke kinne fan "taalfarianten". Lykwols binne der in stikmannich - alteast foar Friezen - tige yn it each springende ferskillen, sawol op fonologysk as leksikaal mêd.
[bewurkje seksje] Fonologyske Ferskillen
Nei alle gedachten it bekendste ferskil tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk wurdt foarme troch de wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by", dy't yn it Wâldfrysk útsprutsen wurde as "mi", "di", "hi", "si", "wi" en "bi" en yn it Klaaifrysk as "mij", "dij", "hij", "sij", "wij" en "bij".
Fierders bestiet der in hast like bekend ferskil yn 'e útspraak fan 'e twaklanken "ei", "ai" en "aai". Yn it Wâldfrysk wurde dy útsprutsen as "ij" resp. "ai" en "aai", mar yn it Klaaifrysk as "ôi", resp. "òi" en "ôi". Mei oare wurden, yn it Wâldfrysk heart men yn 'e útspraak gjin ferskil tusken "ei" en "ij", wylst men yn it Klaaifrysk yn 'e útspraak gjin ferskil heart tusken "ei" en "aai".
Oare, minder bekende klankferskillen binne bygelyks:
|
Yn it Standertfrysk, dat nochal wat fariaasje talit, binne almeast beide foarmen tastien.
[bewurkje seksje] Leksikale Ferskillen
Tusken it Wâldfrysk en it Klaaifrysk komme mar njoggentjin leksikale ferskillen (dus ferskillen yn 'e wurdskat) foar. Foarbylden binne:
|
[bewurkje seksje] Boarnen
- Boelens, K., e.o., Twataligens - Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981.
- Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
- Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.