Wytgaard
From Wikipedy
Wytgaard is in doarp ten sûden fan Ljouwert yn de gemeente Ljouwert, mei 626 ynwenners (1 jannewaris 2005).
Wytgaard leit oan de Wei nei Oerisel, tusken Barrahús yn it noarden en Reduzum yn it suden. Dy dyk is op dit plak in âlde seedyk fan de Middelsee. De haven fan Wytgaard is lykwols yn 1955 dimpt, mei it gefolch dat de Wytgaardster Feart no gjin ferbining mear jout.
Wytgaard wie oant 1956 in buorskip fan Wurdum, dêr't it no fan skieden wurdt troch de A37 en it spoar fan Swol nei Ljouwert. It krige syn hjoeddeiske grinzen op 1 jannewaris 1957 nei noch wat oanpassings fan de skieding. It nije doarp hie yn 1958 621 ynwenners.
Wytgaard leit oan de eastlike fytsrûte fan it Jabikspaad.