Jabikspaad
From Wikipedy
It Jabikspaad is in kuierrûte en in fytsrûte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt. De rûte trocht it Bilt is iepene op 22 july 1998, de rest fan de rûte mei Simmer 2000.
[bewurkje seksje] Pylgertocht
De rûte is opset as it earste part fan in pylgertocht fan Sint Jabik nei Sint Jabik fan Kompostela. Fan Sint Jabik giet de rûte nei Hasselt; fan dêr kin de pylger of fakânsjegong fierder oer it Hânzestêdenpaad nei Swol en Dimter en fierder de Isel en de Maas bylâns nei it súden. By Maastricht is oanslúting op ynternatsjonale rûten.
[bewurkje seksje] Kuierrûte
Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa kuierrûtes:
- Westrûte: Sint Jabik - Minnertsgea - Rie - Boer - Skalsum - Frjentsjer - Tsjom - Winsum - Baard - Leons - Jorwert - Mantgum - Easterwierrum - Raerd - Jirnsum.
- Eastrûte: Sint Jabik - Swarte Harne - Nijebiltsyl - Aldebiltsyl - Feinsum - Stiens - Britsum - Koarnjum - Jelsum - Ljouwert - Goutum - Wurdum - Reduzum - Friens - Jirnsum.
Fan Jirnsum giet de kuierrûte fierder nei it Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijebrêge - It Hearrenfean - De Knipe - Mildam - Aldeholtwâlde - Wolvegea - Sonnegea - Aldemark - (Paaslo) - Kealeberch - Nederlân - Bloksyl - Liuwte - Sint Janskleaster - Hytfjild - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.
[bewurkje seksje] Fytsrûte
Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa fytsrûtes:
- Westrûte: Sint Jabik - Furdgum - Tsjummearum - Easterbierrum - Frjentsjer - Winsum - Baard - Jorwert - Easterwierrum - Raerd - Jirnsum.
- Eastrûte: Sint Jabik - Swarte Harne - Aldebiltsyl - Feinsum - Stiens - Britsum - Koarnjum - Jelsum - Ljouwert - Goutum - Wytgaard - Reduzum - Jirnsum.
Fan Jirnsum giet de fytsrûte fierder nei Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijebrêge - It Hearrenfean - Aldskoat - Nijeholtwâlde - Wolvegea - De Blesse - Wite Hynders - Tuk - Stienwyk - Giethoarn - Súdein - Wanneperfean - Westein - Belt-Skutsleat - Swartslûs - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.