Beda
From Wikipedy
Beda of Baeda, byneamd Venerabilis (= de earbiedwurdige) (Northumbria, 672 of 673 - Jarrow, 25 maaie 735) wie in Ingelse monnik, bibellearde en skiedniskriuwer. Hy waard yn 1899 troch paus Leo XIII as tjerkeleraar erkend. Syn fiering troch de Roomske Tjerke falt op 25 maaie.
[bewurkje seksje] Libben
Neffens eigen sizzen kaam Beda op sânjierige leeftyd al te wenje by de benediktynen yn it kleaster fan Wearmouth. Hy brocht der it grutste part fan syn libben troch. Doe hy 19 jier ald was, waard hy diaken en alve jier letter as priester wije.
In grut part fan syn libben spandeare hy oan study, skiedskriuwerij en bibelûnderrjocht. Hy helle in soad kennis út de bibel en de skriften fan de tjerkelieders. Beda besitte oer in soad kennis fan de Latynske taal en koe him der goed yn útterje. Fierder koe hy in bytske Gryks en Hebreeuwk. Hy waard beskogge as in learde mei gâns kanten, sy't him op it mêd fan de Tjerke-skiednis sear ferstsjinstlik makket hat.
Syn bekendste wurk is Historia ecclesiastica gentis Anglorum, weryn Beda de (tjerke)skiednis fan it Angelsaksyske folk beskriuwt fan ôf Caesar syn tiid oant it jier 731. Dit wurk is fan grut belang foar use kennis oer it polityke en deiske libben út syn tiid.
Fierder hat hy twa hânboeken opstelt foar de tydrekkening yn de Tjerke: it Liber de temporibus en De temporum ratione. Dizze wurken oer kroanologie genoten grut gesach yn de Midsieuwen. Fan grut skiedkundig belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanse data fan Peaskesnein festlein wurden oant it momint dat de Juliaanske kalinder ferfongen soe wurden (yn it jier 1582). Beda skreau ek in nateurwittenskiplik wurk: De natura rerum. Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûd wie as 'in spylbal' en net as 'in skild'. Fierder skreau hy foar syn learlingen ferhandelings oet de spraaklear. oar skiedkundich wurkA oanbelanget biografieën fan de abten fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it lebben van St. Cuthbert fan Lindisfarne.
Syn lêste wurk, dat pas foltoge waard op syn stjerbed, wie in oersetting yn it Angelsaksysk fan it Evangeelje nei Johannes.