Bourgonden
From Wikipedy
De Bourgonden wienen in East-Germaansk folk dat oarspronklik yn Skandinaavje wenne hat. Sa om it begjin fan de jiertelling hinne libbe sy yn it westen fan it tsjinwurdige Poalen. Tidens de Grutte Folkeferfarren festige sy harren yn it gebiet dat hjoed noch altiten harren namme draagt, Bourgondje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oarsprong
Oan it begjin fan de 1e ieu emigreare de Bourgonden nei de útrin fan de Wisla yn de Eastsee. Dêr wienen sy oanhâldend belutzen by alderlei konflikten mei de omhinne wennende Goaten, Fandalen en Semnonen. Fan ôf 150 waarden de Bourgonden nei it westen ta ferdreaun en likernôch 250 kamen sy oan by de bopperin fan de Main. Hjir rekke sy slaags mei de Allemannen dy't yn de striid it ûnderspit dolle moasten, wertroch de Bourgonden harren as oerwinners festige koenen oan de grins fan it Romeinske ryk.
[bewurkje seksje] Ynfallen yn it Romeinske Ry
Al gauris foel sy it Romeinske ryk yn. Dêr hearste doe in soad gaos, want yn it Ryk wienen alderlei opstâns fan it leger en reboelje en de grinzen waarden swak ferdigene. Lykas har broerfolk de Allemannen makke sy gebrûk fan de situaasje. Fan ôf 260 hâlde sy plondertochten yn Galje. It werstel fan de Romeinske macht troch keizer Posthumus makke der foarearst in ein oan. Want doe de grinzen nei 276 opnei swak ferdigene waard krongen de Bourgonden werom Galje yn. Diskear makke keizer Probus der in ein oan. Hy loek ta striden tsjin de oarlochssuchtige Germaanske folken en likernôch 280 hie hy de Ryngrins wersteld. Yn de winter fan 287/288 wienen de rollen omkeard, diskear foel de Romeinen it Bourgondyske gebiet yn om harren fan nije ynfalle te werhâlden.
Op it eind fan de 3e ieu wie it Romeinske leger yn Galje boppemachtich en kearde de rest oan de Ryngrins tebêk. De Bourgonden stopten mei it dwan fan ynfallen en in tsiental jieren letter slette sy in fourderati-ferdrach mei de Romeinen. In proatte Bourgonden soenen tsjinst nimme yn de Romeinske legers en tidens de 4e ieu lieten sy harren kennen as troue bûnmaten. Yn tsjinstelling ta oare Germaanske folken as de Allemannen en Franken stipe sy hieltyd de wetlike keizers.
[bewurkje seksje] It Bourgondyske Ryk
Yn 406-407 waard de Ryn-limes fanwegen swierighedens yn it Romeinske Ryk net goed beskermd troch it leger. Ferskate Germaanske folken makke gebrûk fan de situaasje en krongen Galje yn. Itselde dienen de Bourgonden. Hiel stadich oan festige sy harren oan de Midden-Ryn. De Romeinen wienen in skoftlang net goed yn steat om werstân te jaan tsjin de ynkrongende Germaanske folken. Yn 413 slette de Romeinen in nij ferdracht mei de Bourgonden. Se bleau fouderati en mochten yn it Romeinske ryk bleau en de besette gebieten hâlde. Letter soenen sy it wol wer oan de stok krige mei de Romeinen. Yn 436 waarden sy diskear folslein ferslein troch in hierlingenleger fan Hunnen. Harren striid wurd beskreaun yn it Nibelungenlied (ûndergong fan de Bourgonden). Hjirtroch waard harren macht yn it Midden-Ryn gebiet brûtzen.
Lykwols krigen de Bourgonden yn 443 opnij de status fan foederati oan de Midden-Rhône by Genève. Letter doe't de Romeinske macht soe ophâlde te bestean koenen sy har gebiet fjider útwreide oant Bazel, yn it noarden en Avignon yn it Suden. Sy fersloegen dêrby de Allemannen en ferdreaun dizze út Langres. Yn 481 krongen sy nei it suden ta, by de Saône en Rhône del oant de Middellânske See en ferspriede harren likernôch 485 yn de Champagne.
[bewurkje seksje] Ein fan de selstanniggens
Nei 500 krigen de Bourgonden te stellen mei de machtshonger fan de Merovingen. Lang om let waarden sy troch de Franken ferslein en harren gebiet yn 534 ynliifd by it Frankyske ryk. De Bourgondyske befolking soe letter opnommen wurden yn de omhinne wennende Gallo-Romaanske befolking. Harren namme lykwols soe wol oan it gebiet hinge bliuwe. Yn de Midsieuwen wie der in hartogdom Bourgondië en ek hjoed hat it gebiet dizze namme hâlde.