Eiffeltoer
From Wikipedy
De Eiffeltoer is bout foar de yntersnasjonale wrâldútstalling fan Parys yn 1889. De Prins fan Wales, Kening Edward VII fan Ingelân, iepene de toer.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De Bou
Fan de 700 foarstellen dy’t wienen yntsjinne foar in ûntwerp kompetysje, waard it ûntwurp fan Maucice Koechlin en Emile Nouguier unanym útkeazen, mei as oannimmer Gustave Eiffel. Mei syn 324 meter wie dit it heechste gebou oant 1930. Er binne 2.5 miljoen klinkneils brûkt, 300 stielwurkers hawwe twa jier oan it bouwen west. De top beweecht maksimaal 12cm troch de wyn. Er sit 40 ton ferve op it gebou en it bestiet út mear dan 15.000 stiken izer. Yn 1909 is it gebou hast sloopt. Mar it mocht stean bliuwe fanwege de antenne dy’t op de top stiet. Dizze antenne waard brûkt as telegraaf. Ek de Frânske radio en televyzje hawwe gebrûk makke fan de toer.
[bewurkje seksje] De Toer
De toer hat trije ferdjippings. It útsjoch oer de stêd is enoarm. It moaiste byld krijt men as je in oere foar dat de sinne ûndergiet op it heechste punt stean geane.
[bewurkje seksje] Under
Under binne in soad winkels foar toeristen. Er is in sûvenirswinkel en der binne itenswinkels.
[bewurkje seksje] De earste ferdjipping.
Op dizze grutte ferdjipping op 40 meter hichte is in part fan de âlde spiraaltreppen. Dizze treppen waarden froeger brûkt om fanôf de twadde ferdjipping nei de top te kommen. Yn 1983 binne de treppen fuorthelle en yn lytse stikjes ferkocht op in ynternasjonale feiling. Der is in lytse bioskoop te finen op de earste ferdjipping. Hjir wurde koarte filmkes fertoand oer de Eiffeltoer. Ek hingje dêr boerden mei útlis sadat jo wite wer jo in foto fan meitsje.
[bewurkje seksje] De twadde ferdjipping.
Op dizze ferdjipping op 70 meter hichte wurdt in film fertoand oer de bou fan de Eiffeltoer. Ek binne hjir wêr trije ferskillende sûvenirswinkel. Yn sommige parten fan de flier sitte glêzen platen. Hjirtroch kinst dúdlik nei ûnder sjen.
[bewurkje seksje] Op de top
Op de top op 350 m hichte is it kantoar fan Gustave Eiffel. De waaksen figueren dy’t yn it kantoar stean binne fan him en syn dochter. Op de top stean boerden mei ferwizingen nei plakken en de ôfstân fan dy plakken.
[bewurkje seksje] De Eiffeltoer no
Yn it jier 2000 binne er ferskillende lampen ynstalleare op de Eiffeltoer. Dizze lampen soargje derfoar dat er eltse jûn in ljochtskou hâlden kin wurde. Nachts binne er grutte lampen oan op de top. Dit soarget derfoar dat de Eiffeltoer in beaken yn de nacht is. Elk jier wurdt er op Quatorze Juillet 14 july, de Frânske nasjonale feestdei, rûn de Eiffeltoer in grut fjoerwurk ôfstutsen. Dit is ta eare fan jierdei fan de Frânske Revolúsje.