Himmelumer Aldefurd
From Wikipedy
Himmelumer Aldefurd (Hemelumer Oldeferd) wie in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân oan de kust fan de Iselmar, mei 4.958 ynwenners (1 jannewaris 1958) en in gebiet fan 64,35 km².
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is de gemeente opdield. It grutste part is by Nijefurd kaam, in lyts part mei Ealahuzen, Kolderwâlde en Oudega is opgean yn Gaasterlân-Sleat.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie Koudum, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Ealahuzen, It Heidenskip, Himmelum, Kolderwâlde, Molkwar, Nijegea, Aldegea, Skarl en Warns.