It Wytfean
From Wikipedy
It Wytfean is in buorskip by Eastermar yn Tytsjerksteradiel.
It Wytfean leit yn it gebiet tusken Eastermar, de Rottefalle en Surhústerfean. It oarspronklike Wytfean wie in heechfean-gebiet. Likernôch 1620 sette him hjir in groep Switserske minnisten ta wenjen. Hjoed de dei is it in lanlik plak mei in protte pleatsen en oare frijsteande hûzen.
De strjitten dy't ta it Wytfean rekkene wurde binne: de Wytfeansterwei, de Achttienenwei, de Seadwei, de Robyntsjewei en de Bildwei.