Eastermar
From Wikipedy

Eastermar (Offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeast fan de Burgumer Mar. De buorskippen It Heechsân en It Wytfean hearre ek ta Eastermar. Eastermar hat 1.564 ynwenners (2006).
De kom fan it doarp lei by it Heechsân, op it sân fan in morene, 3m heger as de Burgumer Mar. Hjir stiet ek noch de tsjerketoer, út de 14e ieu. Troch de ferfeaning by it Wytfean waard de buorskip De Wâl, oan de Lits, fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.
Fia de Sumarderwei hat it doarp ferbining mei Sumar; de Toerleane ferbynt it mei it Heechlân en slút dêr oan op de Skûlenboargerwei, nei Skûlenboarch. De Lits ferbynt it doarp nei it noarden ta mei de Burgumer Mar en nei it suden ta mei de Leien.
Om betizing mei Hegesân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.