Juten
From Wikipedy
De Juten wiene in Germaanske stam ôfkomstich út it tsjinwurdige Jutlân yn Denemark. Tegearre mei de Angelen en Saksen foelen hja under it Grutte Folkeferfarren yn it begjin fan de 5e ieu Ingelân binnen, neidat de Romeinen dear fuort gongen wiene. Hja fêstigen harren yn Kent en op it eilân Wight.
[bewurkje seksje] Juten en Gauten
Neffens de saneamde "Jutske hypothese" binne de Juten itselde folk as de Gauten, in Skandinavysk folk dat tiidens de iere Midsieuwen yn sudlik Sweden libbe hat. It "Oxford English Dictionary" ydentifiseert de Sweedse Gauten (Swedish Geats) fia de foarmen Eotas, Iótas, Iútan en Geátas mei de Deenske Juten. Lykwols wurdt sowol yn it ald-Ingelske gedicht Widsith as yn it ald-Ingelske epos Beowulf yn de Finn passage (sjoch it Finnburg Fragmint) hiel oars de Eotenas skerp fan de Geatas ûnderskiden. Mooglik waarden de twa stamnammen yn'e betide-kristlike literatuer fan Ingelân troch ynoar helle, lykas dit foar de boarne oer de dea fan de Sweedske kening Östen oantoane is. Yn oare mooglikheid is dat Eotenas in synoniem is foar "reuzen" en etymologyske oerien komt mei de Noorske Jotuns (yn pleats foar de namme fan in stam).
Fierder is net útsletten dat de Juten genetysk relateare wienen mei de Gauten, en sels mei de Goaten, dy't fermeld wurden yn de Gutasaga. Neffens dat ferhaal berikten de bewenners fan Gotlân it festelân fan Jeropa. Ut archeologyske fiensten as by Wielbark yn Polen dogt bliken dat de Goaten der al yn in betiid stadium oankaamen.