Saksen
From Wikipedy
De Saksen wienen in Germaansk folk ut it noarden fan Jeropa, út it tsjinwurdige Dútslân en it eastlike diel fan it tsjinwurdige Nederlân.
Oan it begjin fan de 5e ieu stuts in part fan de Saksen it Kanaal oer en foel it tsjinwurdige Grut-Brittanje binnen, tegearre mei de Angelen, Friezen en de Juten. De Saksen dy't yn Dútslân efter bleaunen, holden nog lang fêst oan harren Germaanske godstjinst mar waarded troch de Franken únder lieding fan Karel de Grutte mei geweld bekearre ta it Kristendom en ynliifd by it Frankyske Ryk. In wichtich lieder fan de Saksen wie yn die tiid Widukind. Yn de Midsieuwen waarden de Saksen in belangryk part fan it Hillige Roomske Ryk.
Yn Grinslân, Drinte, Oerisel, de Efterhoek en Noard-Dútslân binne de Nedersaksische dialekten, dy't besibbe binne oan de taal fan de Saksen, noch steeds de wichtichste streektaal.