Kening Lear
From Wikipedy
Kening Lear wurdt beskôge as ien fan de grutte trageedzjes fan William Shakespeare. It stik is basearre op it legendaryske ferhaal fan Kening Llyr dy't yn de kontreien fan it tjinstwurdige Ingelân yn de preromeinske tiid de skepter swaaid hat
It ferhaal fan Kening Lear giet oer oergeunst, trou en ûntrou, macht en ûnmacht, striid en oerjaan. It stik begjint as Kening Lear beslút om syn troan der oan te jaan, en syn keninkryk te ferdielen ûnder syn trije dochters: Gonerill, Regan en Cordelia. De âldste twa binne troud, mar Cordelia, heites leafste, wurdt troch mannich man begeare as breid. Lear besyket syn takomst feilich te stellen, troch earst fan elts fan syn dochters in blyk fan leafde te freegjen, mar dat mislearret. Cordelia wegeret it spultsje mei te spyljen en de kening ferdielt har oanpart oer de beide âldsten. Cordelia wurdt ferstjitten, al wol de kening fan Frankryk ek dan noch mei har trouwe.
Mar sadree't Lear ôfstân dien hat fan de troan, binne it de beide âldste dochters dy't harren tsjin him keare. Ek ûnderling krije Goneril en Regan skeel, krekt op it tiidstip dat se har ferdigenje moatte tsjin in Frânsk leger ûnder lieding fan Cordelia, stjoerd om Lear wer op de troan te krijen.
In oare plot giet oer de beide soannen fan de Greve fan Gloucester, Edgar, de goede en Edmund, de kweade. Troch leagens yn it rûn te struien, soarget Edmund der foar dat syn healbroar Edgar de wyk nimme moat. As Edmund letter yn swier waar komt trochdat er it oanleit mei Goneril en Regan, wurdt hy troch de ferstjitten healbroer fan de dea rêden.
Op de ein fan it stik komme sawol Lear as Cordelia oan har ein.