Konstans I
From Wikipedy
Flavius Iulius Constans (320 of 323 - 18 jannewaris 350), (Frysk: Konstans I), wie in Romeinske keizer fan septimber 337 oant 18 jannewaris 350.
[bewurkje seksje] Skiednis
Konstans wie de tredde en jongste soan fan Konstantyn de Grutte en syn frou Fausta. Oer syn jeugd is net folle bekend. Op 25 desimber 333 waard hy beneamd as Caesar troch syn heit.
Yn september 337, krekt nei de dea fan Konstantyn de Grutte, kamen Konstans en syn aldere broers Konstantyn II en Konstantius II by ienoar om it Romeinske Ryk tusken haren trijen te ferdielen. Konstans krieg Itaalje, Afrika, Illyricum, Macedonia en Achaea.
De trije broers hienen lykwols it ryk ferdield, mar gunne inoear it ljocht net yn'e eagen. Rigelmjitich besike sy inoars gebieten ôf te pakken. Yn 340 foel Konstantyn it lân fan Konstans yn. Dizze hie lykwols mear ferstân fan fjochten as syn âldere broer en koe him ferslein by Aquileia. Konstanyn stoar en Konstans pikte syn gebiet yn. Fierder hie Konstans aardich wat suksessen tsjin ferskate barbaarske folken.
As keizer wie Konstans minder; alhoewol hy syn earste jieren frij gematicht optrad, waard hy letter in tiran. Om't sa folle mooglik jild yn te helje, ferkocht hy ambtenarenposten oan de heegste bieder. Ek die hy in soad oan friendjespolityk.
Yn 350 ferkleare generaal Magnentius him ta keizer Yn Galje. Konstans flechte foar him fuoart, mar waard festgrepen en fermoare.