Mosk
From Wikipedy
Mosk | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() |
||||||
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Passer domesticus |
De Mosk (Passer domesticus) is in lytse sjongfûgel dy't benammen fan sied en ynsekten libbet. Tegearre mei sa'n tweintich oare moskesoarten sa as de Fjildmosk foarmet er it geslacht Passer.
Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de Fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.
De 14-16 cn grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. Jo fine dizze fûgel foaral yn doarpen en stêden, minder yn de bosken. De mosken binne siediters mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei ynsekten.
[bewurkje seksje] Nêstplakken
De mosken bouwe rommelige nêsten meast fan gersstâlen ûnder dakpannen, dakspanten en yn hoalen yn muorren. Se kinne yn in jier tiid twa oant trije nêstjes jongen grutbringe.
[bewurkje seksje] Tebekrin yn Nederlân
Sûnt de 70-er jierren fan de 20e ieu is it tal mosken yn Nederlân hurd tebek rûn: fan nei skatting 1 á 2 miljoen yn de 70-er jierren oant sa'n 0,5 á 1 miljoen eksimplaren no.
As oarsaken binne ûnder oaren it lytser tal geskikte nêstgelegenheden troch oare en hechtere dakbedekking, it brûken fan bestridingsmiddels wêrtroch it tal ynsekten ôfnaam is, en it effisjinter brûken fan kealsleine grûn wêrtroch it tal fûraazjeplakken ôfnommen is oan te wizen.