Oaljefanten
From Wikipedy
De Oaljefanten (Elephantidae) binne in famylje fan sûchdieren yn it skift fan de Slurfdieren (Proboscidea). De namme wurdt ek wol brûkt foar gâns it skift om't dat mar ien famylje hat.
[bewurkje seksje] Untwikling
De Oaljefanten, hoe grut se ek binne, binne yn it Tertiêr mei de Seekij evoluearre út de Klipdaske. De moderne oaljefantsoarten binne likernôch fjouwer meter heech en weechje sa'n 5.000 (Asiatyske Oaljefant) oant 7.000 (Savanne-oaljefant) kilo. De noas is útwoeksen ta in slurf, dy't de Oaljefanten as in lidmaat mear brûke. Dit hawwe se nedich om't de fjouer groue poaten allinich noch foar it dragen fan har swiere liif boud binne.
[bewurkje seksje] Hjoed de dei
De Asiatyske oaljefant waard oant foar koart noch in soad brûkt by swier wurk, en hie derby in funksje lykas yn Jeropa it hynder. De Afrikaanske Oaljefanten lieten harren net foar minskenwurk ynsetten.
Alle soarten waarden oant in dizze tiid bejage om har ivoar; strikte konvinsjes dêr't de measte lannen harren oan hâlden hawwe dêr fierhinne in ein oan makke. De Afrikaanske Oaljefanten stean byelkoar op 600.000 eksemplaren en foarmje hjir en dêr alwêr in plaach; de Asiatyske soart hat noch mar 40.000 fertsjinwurdigers en docht it net sa goed.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Skift: Slurfdieren (Proboscidea)
- Famylje : Oaljefanten (Elephantidae)
- Skaai: Afrikaanske Oaljefanten (Loxodonta)
- Soarte: Boskoaljefant (Loxodonta cycliotis)
- Soarte: Savanne-oaljefant (Loxodonta africana)
- Soarte † Noardafrikaanske Oaljefant (Loxodonta pharaoensis)
- Skaai: Asiatyske Oaljefanten (Elephas)
- Elephas maximus, Asiatyske oaljefant
- Skaai † Mammoeten (Mammuthus)
- Skaai: Afrikaanske Oaljefanten (Loxodonta)
- Famylje : Oaljefanten (Elephantidae)