Romeinen yn Fryslân
From Wikipedy
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Romeinen yn Fryslân
Yn 12 f.Kr. begûn de Romeinske generaal Drusus in kampanje yn Germania. Yn dy fjildtocht moete hy de Friezen. Dy Friezen joegen harren sûnder tsjinstân oer. Hja leveren sels soldaten doe't Drusus op it waad yn problemen kaam. Drusus lei de Frisii in ridlike skatting op yn kowehûden. Wat oars hawwe hja nei alle gedachten net hân.
[bewurkje seksje] Status fan de Friezen
De status fan de Friezen yn it Romeinske ryk is hjoeddedei lykwols net dúdlik. Ut ferskate fynsten docht bliken dat de Friezen in bân han hawwe mei it ryk. Der binne sân-en-tritich brûnzen goadebyldsjes fûn, munten, soldateskuon en wapens. En de Friezen betellen skatting, neffens de ôfspraak mei Drusus. Mar it is net wis oft de Frisii as part fan it ryk beskôge waarden. De munten betsjutte mooglik allinnich dat der hannel wie tusken Friezen en Romeinen.
It liket der mear op oft de Romeinen wiene harren grinzen fan macht oan it ferkennen. Doe't yn 47 besluten waard om de Ryn ta ryksgrins te meitsjen waarden de Frisiavones dêrmei al yn it ryk opnaam, mar de Frisii net. Yn hjoeddeisk Fryslân binne dan ek gjin forten fûn. Sokke forten waarden boud troch de Romeinen at hja in folk ferslein hiene en hja bliuwe woenen. Mooglik hie Drusus kampen ynrjochte op de fierste punten fan syn tocht, oan de Iems en de Weser yn it gebiet fan de Sjauken. Mar it gebiet fan de Frisii hie er skynber frijlitten.
[bewurkje seksje] De Fryske Opstân
Yn 28 nei Kristus stelde Olennius dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kei hawwe moasten, mar dy fan de oerokse. Dit wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich op 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging namen de Romeinen earst de kei fuort, doe it lân en doe de froulju en bern. Dit soarge foar in opstân. De soldaten dy de skatting ynjen kamen waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it fort Flevum, dêr't er troch de Frisii belegere waard. Lapronius, de gûferneur fan Germania Inferior, besocht de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan Germania Superior. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij ynstelle.
[bewurkje seksje] De grins
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by de oare Germaanske folken. Hja lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Groepen Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan Rome. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn 47 nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch Korbulo, mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er de Frisii yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort yn harren gebiet en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort, nei alle gedachten yn kastellum, stien hat is net bekend. Korbulo waard lykwols wer werom roppen troch Klaudius. Dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
Yn 54 nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan Ferritus en Maloriks, it buffergebiet by de Ryn lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer Nero stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.
[bewurkje seksje] De Bataafske opstân
Yn 68 nei Kristus gong it gebiet definityf ferlern foar de Romeinen. By it begjin fan it Fjouwerkeizersjier waard Julius Sivilis by de Friezen yn feilichheid brocht. De Friezen stypjen de dêrop folgjende opstân fan de Bataven. Hja ferneatige twa forten oan de see en krigen in part fan de Romeinske Ryn-Flottylje yn hannen. Dernei leveren hja helptroepen dy't per slot yn de buert fan Keulen troch Keulenaars fermoard waarden.
Fan dy tiid ôf geane de Romeinen en de Friezen ûntspannender mei elkoar om. By in lettere oanfal fan de Sjauken, yn de 2e ieu, kamen de Friezen net mear yn opstân. Yn Brittanje binne grêfskriften fûn út it begjin fan de tredde ieu dy't ferwize nei de Kuneus Frisiorum Finoviensium, Kuneus Frisiavonum Ferkovisensium en de Kuneus Frisionum Aballavensium, ôfdielings fan de helptroepen dy't Friezen stjoerd hawwe, al is it net dúdlik of dit Frisii of Frisiavones wienen.
[bewurkje seksje] It weromlûken
Fan likernôch it jier 250 begûn it tal fan oanfallen troch Germanen de Ryn oer ta te nimmen. Oan de ein fan de tredde ieu waard it sa slim dat feitlik in grut kustgebied en in grut grinsgebiet frijjûn waarden as oarlochsgebiet: ynfallers waarden talitten mar waarden dan opfongen troch ienheden fan hynstemannen. It lân oan de kust waard ek fan minder belang troch de seestiging. Yn de fjirde ieu waard nochris besocht de grins mei nije forten te fersterkjen, mar ek dy koenen net stân hâlde. Mei ek noch ynterne problemen lûtsen de Romeinen fuort fan de grins mei de Friezen.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Cassius Dio, Historia Romana LXI 31.
- Velleius Paterculus, Historia II 105-108.
- Tacitus, Annales I 74; XI 16-21; XIII 54.
- Tacitus, Historiae IV 15-16, 79.