Brittanje
From Wikipedy
Brittanje (Latysk Britannia) wie de namme fan de Romeinske provinsje dy't it lettere Ingelân en Wales soe omklamme. De wichtigste stêd wie Londinium, (tjinwurdich London).
[bewurkje seksje] Oermastering troch de Romeinen
De oermastering fan Brittanje begûn mei keizer Tiberius Claudius Drusus Nero Germanicus yn 43, mar de Britten bleaun noch in skoft opstânnich. Hiel bekend wie de opstân fan Boudicca yn 60-61. De Romeinen loeken ûnder Agricola fierder op nei Skotlân, mar fanút ot noarden bleau de drok fan de Pikten bestean. As antwurd hjirop bouden de Romeinen twa ferdedigingsmuorren: De muorre fan Hadrianus en de mourre fan Antoninus Pius.
Brittanje wei ek in skoft ûnderdiel fan it Galyske keizerryk (260-274), en in oantal jieren letter (287) makke de suksesfolle generaal Karausius him master oer Britanje. Hy waard lykwols fermoarre, en syn opfolger, Allektus, waard ferslein troch keizer Konstantius I, sadat yn 296 Britanje wêr hielendal diel útmakke fan it Romeinske Ryk.
Healwei de 3e ieu waarden de measte stêden fan stienen muorren en ferdedigingswurken foarsjen. Londinium útsonderd wienen de stêden oer it algemint net grut.
Yn 306 kearde Konstantius him wêrom nei Brittanje. Hy hie te meitsjen mei ynfallen en fersloech de Pikten. Mar dernei stoar hy ynienen doe't hy yn York ferbleau. Syn soan Konstantyn waard troch syn troepen as syn opfolger útroppen. Hjirnei folgde in periode fan ynterne striid, wêryn Konstantyn as keizer oerbleau.
Foar Brittanje wie lykwols dizze periode noch in periode fan grutte bloei, dy't ta it grutste part fan de 4e ieu soe troch bliuwe wurkjen. Der waard in dizze periode in soad boud en op tal fan plekken ferskenen grutte partikuliëre hûzen.
Healwei it midden fan de ieu ferslechterde lykwols de situaasje en waard Brittanje fan ferskate kanten oanfallen troch Pikten, Skotten, Attakotti, Saksen en Franken. Dizze swiere oanfallen fûnen plak tusken 364 en 367 en wurd de barbaria conspiratio neamd. Theodosius de âldere (de heit fan de lettere keizer Theodosius I kaam yn 368 nei Brittanje mei in grut ekspedysje leger om't de oarde te werstellen.
Yn 383 waard generaal Magnus Maksimus troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus wie mei Theodosius de âldere yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in oantal oerwinnings helle. Hy stiek mei in grut diel fan syn troepen oer nei Galje om syn machtsgebiet ut ta wreidzjen. Nei it fertrek fan in grut diel fan de troepen waard Brittanje opnei oanfallen, mar yn 388 nei Maksimus syn dea waard de rust opnei wersteld. Pas yn 398 folgde der wer in grutte oanfal fan de Pikten.
[bewurkje seksje] It ein Fan de RomeinsKe hearkippij
Yn 402 waard troch Stilicho in grut part fan de troepenmacht ut Brittanje helle om't earne oars yn it ryk te wurden ynset. Germaanske folken as de Alanen, Fandalen en Sueben makke tankbear gebrûk fan de situaasje en foelen Galje yn. De yn Britanje oerbleaune legerûnderdielen kaamen derby yn opstân. Ut har midden waard efterienfolgens ta keizer utroppen Marcus, Gratianus en Konstantyn. De earste twa bleaune mar koart oan it bewind, mar yn 407 ûnder Konstantyn stiek sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in oantal jieren fan in protte striid (tjin ynfallers, tjin keizer Honorius en tjin oare opstânnelings en troanpretendenten) uteinlik yn 411 ferslein en deadzje. Yn 409 befûnnen der yn Brittanje net langer Romeinske soldaten en der soenen ek gjin troepen mear nei tastjoerd wurden.