Achtkarspelen
Ut Wikipedy
Gemeente Achtkarspelen
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | L. Lyklema | ||||||
Haadplak | Bûtenpost | ||||||
Gebiet - wetter |
103,98 km² - 1,20 km² |
||||||
Ynwenners | 28.156 | ||||||
Ferkearsieren | N355, N358, N369 | ||||||
Netnûmer | 0511, 0512 | ||||||
Postkoades | 9231 - 9873 | ||||||
Offisjele webstee | www.achtkarspelen.nl |
Achtkarspelen is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei 28.044 ynwenners (1 jannewaris 2003).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak is Bûtenpost en de oare plakken yn de gemeente binne: Boelensloane, Droegeham, Gerkeskleaster, de Harkema, Koatstertille, Stynsgea, Strobos, Surhústerfean, Surhuzum, Twizel en Twizelerheide.
[bewurkje seksje] Skiednis
De namme Achtkarspelen ferwiist nei de acht oarspronklike karspels yn de gritenij, te witten: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, De Koaten, Koartwâld, Lytsepost, Surhuzum en Twizel. Achtkarspelen naam lang in aparte plak yn yn Fryslân. Yn de Midsieuwen hearde Achtkarspelen ta it bisdom Münster, wylst de rest fan Fryslân ûnderdiel wie fan it bisdom Utert.
De gritenij Achtkarspelen waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering fan de gemeentewet fan Thorbecke yn Nederlân.
[bewurkje seksje] Eardere Boargemasters
- L.J. (Louis) Lyklema (VVD) (augustus 2002 - 27 april 2007)
- Bernard Schmidt (CDA) (-2002)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- [1] - Webstee fan de gemeente