Droegeham
Ut Wikipedy
Droegeham is in doarp yn it westlik part fan de gemeente Achtkarspelen. It doarp leit oan de súdkant fan it Prinses Margrietkanaal. Droegeham hat 1759 ynwenners (1 jan. 2005) en leit op in sândbulte wêrtroch it doarp yn it ferline by oerstreamings droech bleau. De namme is rjochtstreeks ôflaat fan de lizzing; in droege lântonge tusken it wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân. De Tarissing is de basisskoalle fan it doarp.
It doarp wie earder yn haadsaak rjochte op de lânbouw. Tsjintwurdich hawwe in soad fan de ynwenners harren wurk yn omlizzende plakken lykas Drachten, Ljouwert en Surhústerfean.
De NAM boarret yn 2007 opnij nei gas by Droegeham. By it doarp waard yn 1980 ek al nei gas boarre, mar dat waard dêr doe net fûn. It docht lykwols bliken dat it der wol wêze moat.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Dorpskrante "Brinkpraat"
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Eveneminten
It grutste evenemint yn Droegeham is de "Gondelfeart op Tsjillen" dat elk jier yn septimber holden wurdt en dêr't tûzenen minsken op ôf komme. Oare weromkommende eveneminten binne "De Ronde fan de Kerspelen", in hurdfytsronde foar amateurs en in grut Concours Hippique.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.
- Jan Dootinga, de fryske skriuwer, wie fan 1969 oant 1985 haad fan legere skoalle fan Droegeham. Oant 1992 wie er dêr learaar by it basisûnderwiis.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- VV Droegeham - fuotbal
- All together - gospel
- Mei fleur en faesje - toaniel
- Dacapo - brassband
- Sterke Yerke - folleybal
- De Delte - tennis
- The Slotstee Bulls - darts
[bewurkje seksje] Strjitten
Bindert Japiksstrjitte, Boskloane, Boskwei, Bosmastrjitte, De Buorren, De Delte, De Kromelle, De Sannen, Droegehamster Feart, Ds Biesmastrjitte, Ds van Velzenstrjitte, Dykswâl, Gealstrjitte, Hamsherne, Hamsterpein, Hearsgrêft, Ike Buorren, Ikkers, Ikkersreed, It Kleasterbreed, Jan Gerkeswei, Juffer Soeterwei, Kloostermankamp, Koaipaad, Lândyk, Lytse Wei, Master Hoeksmawei, Pastorykamp, Sânkop, Skieppedrifte, Skoallepaad, Slotstepaad, Slotstrjitte, Tillewei, Tsjerke Buorren, Tsjerkepaad, Walbrechta, Westerein.