Allingawier
Ut Wikipedy
Allingawier is in lyts terpdoarpke yn de gemeente Wûnseradiel op e râne fan de Makkumer Mar Polder. Der rint in egale bakstiennen strjitte troch it doarp. Nei it westen komme jo yn Skuzum en nei it easten geane jo nei Eksmoarre oer de Van Panhuyskanaal brêge. Der wenje 80 minsken (2006), 13 yn de buorren en 67 yn it bûtengebiet. Yn de buert lizze de buorskippen Fjouwerhuzen en Jackle-set.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Allingawier (earder: Allingwere) lei al yn de Midsieuwen op in terp tusken de Warkumer Mar en de Makkumer Mar. Dizze marren wienen mei in sleat ferbûn. Om 1450 moat Fetkeaper Jackle Feddes hjir op in soarte bolwurk wenne ha. Yn de 18e ieu stie oant 1796 in skoalle yn Allingawier, dêrnei hie it doarp in mienskiplike skoalle mei Eksmoarre. De droechlizzing fan de Warkumer en Makkumer Mar yn 1879 betsjutte de ein fan de fiskerij.
[bewurkje seksje] Gebouwen
- De âlde Herfoarme tsjerke mei in stompe toer (1635) en in tsjerkhôf. Yn 1783 waard de tsjerke ferlytse. De klok (1599) is yn de oarloch meinommen troch de Dútsers mar is yn 1945 werom komd.
- Griffermearde Tsjerkje op 'e westerske râne fan it doarp
- Allingastate leit krekt bûten Allingawier. It is boud troch Yde Schakel, de grûnlizzer fan de museumrûte Aldfaars Erf.
Allingawier is in wichtige skeakel yn de Aldfears Erf rûte. Der binne prachtige gebouwen oerbleaun út de 18e ieu, no wer moai yn styl opboud. Ald ark en masines steane dêr binnen en bûten te pronk yn âlde pracht.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Bonjeterperwei, Fjouwerhuzen, Kanaalwei, Marwei, Tsjerkebuert.