Eksmoarre
Ut Wikipedy
Eksmoarre is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 458 ynwenners (2007).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Eksmoarre wie eartiids in fiskersdoarp. Troch it droechlizzen fan de marren der omhinne waard der mear buorke. No is der noch de Eksmoarster Opfeart nei de Makkumer Feart.
Oan de noardkant stiet de grifformearde tsjerke. Mear oan de súdkant is in tsjerke mei sealdek. Yn 1836 is de toer hjirfan ynstoarten troch in wynhoas. By restauraasje 1963-1966 kamen ûnder de plasterlaach wei romaanske finsters foar't ljocht.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat mei Allingawier in moanneblêd foar doarpsnijs.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferienings
- KV Exmorra - keatsen
- Stifting Club '77
[bewurkje seksje] Strjitten yn Eksmoarre
Bolswarderwei, Bruindeer, Doarpsstrjitte, Ds Wilh A Brakelstrjitte, Eksmoardersyl, Hindrik Postmastrjitte, Jelle Huitemastrjitte, Lonje, Marswâl, Surein, Van der Weijstrjitte.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Sûnt 1988 siet hjir as ûnderdiel fan Aldfaers Erf it Frysk Lânboumuseum. Doe't it te lyts waard is it sluten. De kolleksje komt skylk yn it nije Lânboumuseum yn Earnewâld, yn it eardere rekreaasjegebou fan It Wiid.