Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Amelânsk - Wikipedy

Amelânsk

Ut Wikipedy

Amelânsk
oare namme(n): n.f.t.
Ingelske namme: Amelands
eigen namme: Amelands
sprutsen yn: Nederlân
taalgebiet: it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân it Amelân
tal sprekkers (2002): 1.500 (skatting)
dialekten: Eastamelânsk, Westamelânsk
taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nederfrankysk - Hollânsk - Amelânsk
skrift: it Latynske alfabet
Bibeloersetting: gjin
taalstatus: it Amelânsk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nederlânsk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoade ISO 639-1: n.f.t.
taalkoade ISO 639-2: n.f.t.
taalkoade ISO 639-3/DIS: n.f.t.

It Amelânsk is it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op it Waadeilân it Amelân. It Amelânsk is nau besibbe oan it Midslânsk.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Sprekkers

It Amelânsk wurdt op 't heden (2006) noch sprutsen troch likernôch 1.500 minsken, 42,9% fan 'e Amelânske befolking, mar dy sprekkers hearre almeast ta de âlderein en it sprekkerstal nimt dêrtroch ôf. Fral troch de grutte skaal fan it toerisme op it eilân stiet it Amelânsk tsjintwurdich sterk ûnder druk fan it Nederlânsk.

[bewurkje seksje] Skiednis

Op it Amelân moat, krekt as op 'e buoreilannen Skiermûntseach en Skylge, fan oarsprong ek Frysk sprutsen wêze, mar oars as op 'e oare eilannen rekke it Frysk op it Amelân al ier yn it neigean. Oan 'e ein fan 'e 14e ieu kaam it eilân ûnder Hollânsk bestjoer en hoewol't dat net lang stânhold, soe men oannimme kinne dat dat de delgong fan it Frysk op it Amelân ynlette hat. Men nimt oan dat it Frysk op it eilân yn 'e rin fan 'e 16e ieu útstoarn is, al is it dreech om dat mei wissichheid fêst te stellen.

It Amelânsk is mar fragmintarysk oerlevere. De âldste boarne is it "Zeemanssprookje" fan Jan Hendrik Heymans yn 'e Fryske Folksalmenak fan 1842.

Oant 'e twadde helte fan 'e tweintichste ieu waard der mar in bytsje ûndersyk nei it Amelânsk dien. Yn 'e santiger jierren pakte de Fryske Akademy de saak op. De earste konkrete plannen foar in wurdboek fan it Amelânsk datearje fan 1974. Fan 1977 ôf waard der tsien jier lang hurd wurke om dy plannen te ferwêzentlikjen en yn 1987 kaam einlings it mânske Woa'deboek fan ut Amelands út.

[bewurkje seksje] Amelânsk en Stedsk

It Amelânsk en it der nau oan besibbe Midslânsk fan it buoreilân Skylge waarden yn it ferline faak sjoen as dialekten fan it Stedsk, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat it Amelânsk frij sterk fan it Stedsk ôfwykt. Sa liket der njonken it Frysk en it Hollânsk noch in trêde, spesifyk Amelânske wurdskat west te hawwen dêr't it tsjintwurdige Amelânske dialekt op weromgiet. Soks is te ferklearjen út 'e mooglikheid dat it oarspronklike Frysk fan eilân krekt sa sterk fan it Frysk fan it fêstelân ôfwykte as de hjoeddeiske Fryske eilândialekten, it Skiermûntseagersk, it Skylgersk en it Aastersk.

Fierders komme typysk Stedske foarmen, lykas "burst" ("boarst"), "" ("soe"), "must" ("moast") en "durst" ("doarst") yn it Amelânsk net foar. It Amelânsk hat dêrfoar "bó'st", "sou", "mós"/"móst" en "doarde"/"dó'st"/"do'st".

De lokaasje fan it Amelânske dialekt yn 'e provinsje Fryslân.
De lokaasje fan it Amelânske dialekt yn 'e provinsje Fryslân.

[bewurkje seksje] Stavering

It Amelânsk beskikt oer in grut ferskaat oan lûden, folle mear as it Nederlânsk en ek mear as it Frysk. Dêrom makket de eigen stavering fan it eilândialekt gebrûk fan in grut tal lûden mei diakrityske tekens: â, ä, è, ê, ë, î, ò, ó, ô, ö, ú. Typysk foar it Amelânsk is it foarkommen fan "èè", in klank dy't liket op, mar net gelyk is oan 'e Fryske "ê".

In tige opfallende eigenskip fan dy stavering is fierders ek dat de faak foarkommende stomme "r" ferfongen is troch in apostrof, lykas yn 'e wurden "moa'd" ("moard"), "kó't" ("koart") en "he'st" ("hjerst").

[bewurkje seksje] Dialekten

Yn it Amelânsk binne twa tige opinoar lykjende, mar dochs dúdlik ferskillende dialekten te ûnderskieden: it Eastamelânsk, sprutsen yn 'e doarpen Nes en Bueren, en it Westamelânsk, sprutsen yn 'e doarpen Hollum en Ballum. In foarbyld fan 'e ferskillen tusken dy beide dialekten is, dat wurden as "âld", "kâld", "hout", "sâlt" en "hûd" yn it Westamelânsk skreaun en útsprutsen wurde as "oäd", "koäd", "hoät", "soät" en "huud", en yn it Eastamelânsk as "òòd", "kòòd", "hòòt", "sòòt" en "hööd".

Fierders bestiet der in ferskil by guon ferlytsingsfoarmen, lykas "doarpke", "koke" en "pylkje", dêr't it Westamelânsk "dörpke", "koeike" en "pielke" foar jout en it Eastamelânsk "dörpje", "koetje" en "pieltje". Ek guon útgongen ferskillen, bygelyks de útgong "-aasje". Wurden as "federaasje" en "alteraasje" wurde yn it Westamelânsk "federase" en "alterase" en yn it Eastamelânsk "federaasje" en "alteraasje".

Ferskillen yn it leksikon komme ek foar, mar net in protte. It meast opfallend yn dat ferbân is it typysk Eastamelânske wurd "hèèt" ("heit"), wylst "fader" yn beide dialekten bestiet.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • P. Duijf, Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten, Ljouwert, 1998.
  • K. Jansma, Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • A.G. Oud, Woa'deboek fan ut Amelands, Ljouwert, 1987.
  • P. Terpstra, Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland, Ljouwert.
Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com