Broeresleat
Ut Wikipedy
De Broeresleat of Fjouwerhúster Feart is in feart op de grins fan de gemeenten Skarsterlân en Lemsterlân. De feart rint fan de Tsjonger nei Fjouwerhûs oan de Tsjûkemar. Oan de súdeastkant leit de Feanpolder fan Dolsterhuzen.
Oer de Broeresleat leit by Fjouwerhûs yn de N924 de Ruytenschildtbrêge. Dizze brêge hat in lege trochfearthichte en kin net iepene wurde, sadat allinnich lege boaten fan dizze ferbining gebrûk meitsje kinne.
De nammen Broeresleat en Fjouwerhúster Feart jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele nammen Broeresloot en Vierhuistervaart.
Tusken Snits en Toppenhuzen leit de Broersleat.