Drachtster Kompenije
Ut Wikipedy
Drachtster Kompenije is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeast fan Drachten. It doarp hat 1.204 ynwenners (2006). De Wyngert en De Skûle binne de beide basisskoallen. Yn de supermerk sit noch in stipepunt fan TPG.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1772 wurdt al skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de protte wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e ieu oant midden 19e ieu. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn it earste helt fan de 19e ieu ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1909 kaam yn it doarp de earste boereleenbank fan Opsterlân. Yn 1913 kaam De Kompenije oan de trambaan nei Grins te lizzen.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang dy't ek in takomstfisy nei it jier 2010 opsteld hat. Se komme by inoar yn It gebouke, wêr't ek pjutteplak it Krobbenêst yn sit. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- Meiinoar Ien - toaniel
- Blide Stimmen - sjongen
- De Kompenije - blaaskapel
- Ta jo tsjinst - doarpshelp
[bewurkje seksje] Flagge en wapen
Yn de flagge en wapen fan Drachtster Kompenije steane trije turven ôfbylde. De skeane banen stelle de wiken fan it gebiet foar en it klaverblêd wiist op greide en feehâlderij.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Strjitten
Alde Laweiswyk, Alde Wei, Bearend Boardseswyk, De Dammen, De Doese, De Feart, De Goudberch, De Knobben, De Skieding, De Warrebosk, Fallaatswei, Folgersterloane, Gerritswyk, Huchten, Imerwyk, It Heechfean, Klamersreed, Koarte Wyk, Pastorijwyk, Pream, Sannige Wyk, Siktaris Eringawyk, Skutslûs, Smidswei, Steffensreed, Swarte Wyk, Trilker, Tsjerkebuorren, Wiksel.