Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Drachten - Wikipedy

Drachten

Ut Wikipedy

de himrik fan Drachten
de himrik fan Drachten

Drachten is in flekke yn de gemeente Smellingerlân, yn it easten fan Fryslân. It is it grutste wenplak fan de gemeente mei likernôch 44.443 ynwenners (2006) en der binne mear as 22.000 arbeidsplakken. Nei Ljouwert is Drachten in grutte it twadde plak fan Fryslân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Drachten is yn de 17e ieu ûntstien út de doarpen Noarder Drachten en Súder Drachten. Offisjeel bliuwt Drachten in flekke; it hat nea stedsrjochten krigen. De namme Drachten, foarhinne Dragten, is wierskynlik oflaat fan Drait. De Drait wie in streamke dat útkaam yn de Smelle Ie. It gebiet wie ryk oan heechfean en foar de ôffier fan de turf waard de Drachtster Kompanjonsfeart groeven. Letter ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen.
Drachten hat nea stedsrjochten krige, en is dus feitlik in doarp (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere oarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de 20e ieu telde it plak tsientûzen ynwenners. Yn 1950 kaam der in fabryk fan Philips wêrnei it tal ynwenners hurd omheech gie.

Satellytfoto Drachten
Satellytfoto Drachten

[bewurkje seksje] Wiken

  • Drachten Sintrum
  • Noardeast
  • de Bouwen
  • de Swetten
  • de Wiken
  • de Peppel
  • de Venen
  • de Singels
  • de Drait
  • de Folgeren
  • de Trisken
  • de Sâning
  • Moarrepark
  • Finnepark
  • Himsterhout
  • Burmaniapark
  • Drachtsterfeart
  • Frijburgh yn ûntwikkeling)
  • Drachten east (takomstige wyk)
  • Drachten súd (takomstige wyk)

[bewurkje seksje] Ferkear en Ferfier

[bewurkje seksje] Auto

Drachten leit oan de autosnelwei A7 tusken It Hearrenfean en Grins, oan de N31 nei Ljouwert en oan de N381 nei Emmen (Drinte).

[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier

Drachten is ien fan de pear gruttere Nederlânske plakken sûnder treinferbining, en wierskynlik ek it grutste Nederlânske plak sûnder spoarferbining (trein, metro, frachtspoar, trem, net-brûkt spoar); de spoarline Grins - Drachten, (in âlde tramline dy't nei de oarloch foar frachtferfier brûkt is) is yn 1985 sluten. Hjiryn kin feroaring komme as it Suderseespoar tusken Skiphol en Grins oanlein wurdt.

It busferfier wurdt haadsaaklik fersoarge troch Arriva. Echte stedsbussen hat Drachten net, alle linen riden troch nei in oar doarp of oare stêd. Streekrjochte ferbiningen binne der û.o. nei Ljouwert, It Hearrenfean, Grins en Assen. De measte bussen fertrekke fan it Van Knobelsdorffplein.

[bewurkje seksje] Fleanfjild

Drachten hat ek in fleanfjildsje: Fleanfjild Drachten, in eardere airstrip fan Philips.

[bewurkje seksje] Wetterwegen

Nei it yndustrieterrein de Haven rint de Farwei Drachten. Dizze farwei is ferbûn mei it Prinses Margrietkanaal en sa mei it lanlike farwegennet.

[bewurkje seksje] Yndustry

Sûnt 1950 sit yn Drachten in fabryk fan it Nederlânske elektronikakonsern Philips, wêr 't de wrâldferneamde Philishave-skearapparaten makke wurde. De fabryk begûn yn 1950 mei 14 meiwurkers. Wyls wurkje der twatûzen minsken.

Yn Drachten is ek it grutste yndustrieterrein fan noard-Nederlân: Yndustryterrein de Haven. Oan de oare kant fan Drachten is lâns de snelwei A7 yndustryterrein Azeven yn oanlis, alhoewol 't dit terrein feitlik yn de gemeente Opsterlân leit. De earste faze is klear, op dit stuit (2007) wurdt wurke oan de twadde faze.

[bewurkje seksje] Kultuer en rekreaasje

Drachten hat in grut en modern teater: de Lawei en in jongereinsintrum/poppoadium Iduna . It Museum Smellingerlân, sit yn in âld kleaster, toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander en Sjoerd de Roos, en hat daarneist oer wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, sys Drachtster geaestbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út 1921. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de Papegaaiebuert neamd.
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstrydbad. Breedtesport kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakomodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foarhandikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes :d'Halve Maen en Drachten.

[bewurkje seksje] Fytsbrêgen

In it foarjier fan 2006 waarden yn Drachten twa unike fytsbrêgen iepene:

  • De Ring is in fytsbrêge oer de snelwei A7 en is in mienskiplik projekt fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân.
  • De Slinger is in fytsbrêge oer de Suderhegewei fan de Oerstesingel ôf nei de Ikesingel. Mei de 240 meter lingte is it de grutste fytsbrêge yn Noard-Nederlân. De brêge is boppe in rotonde boud en dizze beide soargje tegearre foar in goede trochstreaming fan it ferkear. Eardat de rotonde oanlein waard moasten fytsers en fuotgongers fia in oerstekplak mei ferkearsljochten oer it krúspunt hinne. Dit levere in soad files op, omdat it krúspunt flakby de ôfrit fan de snelwei leit. De brêge sels is frij steil te neamen, wat in pear problemen oplevert foar âlderein en bern. Gelokkich is der yn it midden fan de brêge in útsjochplak makke, wêrfanôf op it oare ferkear delsjoen wurde kin. Om it platfoarm is in stek mei spilen. Dêrboppe sit noch in grutte kegel dy de totale híchte fan de brêge 30 meter makket. Jûns is de hiele fytsbrêge ferljochte.

[bewurkje seksje] Blauwe wei

As tarieding op de oanlis fan de Drachtster Feart yn in Moleneind ûntwurp keunstner Henk Hofstra in symboalyske blauwe wei mei in ôfmjitting fan tsien by tûzen meter. Hjiryn ferskynt yn it wyt de tekst Wetter is libben, wat teffens de titel fan it keunstwurk is. Dit late ta in soad protest fan de omwenjenden, omdat se hjir foarôf net of kwealik fan op'e hichte brocht binne. Ek koste it tydlike projekt de gemeente in bedrach fan € 37.500. De blauwe wei levere Drachten wol in oantal berjochten yn de nasjonale en ek ynternasjonale parse op.

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Strjitten

De strjitten yn Drachten.

[bewurkje seksje] Berne yn Drachten

  • Binne Billeman van der Veen (24 maart 1818 – 1892), auteur
  • Ietje Kooistra (8 jannewaris 1861 – Apeldoorn, 25 augustus 1923), pedagoge en direktrise fan de Rykskweekskoalle foar Underwizeressen
  • Pier Pander (1864–1919), byldhouwer
  • A.A. Verdenius (7 maart 1876 - Arnhim 18 oktober 1950), auteur
  • Thijs Rinsema (18 juny 1877 – Smellingerlân, 1 maart 1947), keunstner en skuonmakker
  • S.H. de Roos (14 septimber 1877 - Haarlim, 3 april 1962), letterûntwerper, boekfersoarger en keunstner
  • Evert Rinsema (1880-?), dichter en skuonmakker, broer fan Thijs Rinsema
  • Fedde Schurer (25 july 1898 - It Hearrenfean 19 maart 1968), Frysk dichter
  • Sieuwert Bruins Slot (8 jannewaris 1906 - Haarlim, 4 april 1972), Nederlânsk politikus (ARP) en haadredacteur fan deiblêd Trouw
  • Gerben Sonderman (29 desimber 1908 — Hagestown, Maryland, Feriene Steaten, 20 oktober 1955),testpiloat by Fokker, persoanlijk fleander fan prins Bernhard
  • Sjoerd Leiker (28 maaie 1914 – Hoarn 15 desimber]] 1988), auteur
  • Ellen de Thouars (11 april 1915 – Amsterdam, 14 july 1997), aktrise
  • Jan Frearks van der Bij (4 novimber 1922), keunstner
  • Harry Kuitert (11 novimber 1924), Nederlânsk teolooch
  • Klaas de Jong Ozn. (27 febrewaris 1926), steatssiktaris Underwiis en Wittenskippen (1978-1981)
  • R.R. van der Leest (29 juny 1933), auteur
  • Auke Herrema (16 desimber 1956), illustrator, cartoonist
  • Gerrit Hiemstra (19 augustus 1961), waarman by it NOS Sjoernaal
  • Jaap Paauwe (17 april 1963), fuotballer
  • Laura Vlasblom (8 oktober 1968), sjongeres (û.a. Kinderen voor Kinderen, Frizzle Sizzle)
  • Arjan Hut (19 jannewaris 1976), stedsdichter
  • Mads Wittermans (22 jannewaris 1977), akteur
  • Wim Stroetinga (23 maaie 1985), hurdfytser

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 7' NB, 6° 5' EL

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com