Fierljeppen
Ut Wikipedy
Fierljeppen is in machtsport dy't fral yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân, in soad dien wurdt. Mei in pols moat sa fier mooglik oer it wetter hinne sprongen wurde.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Al op 5 augustus 1771 waard de earste offisjele fierljep wedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn Baart en organiseare troch Nanne Jetses. Sawat twa ieuwen letter, yn 1960 waard de Fryske Ljeppers Boun (FLB) oprjochte. Disse soe mei namme wedstriden yn Fryslân en Grinslân organiseare. Sa organisearet de FLB elk jier it Frysk kampioenskip Fierljeppen. Dit wurd altied op de twadde sneon fan augustus hâlden op de skâns fan Winsum. Mei de oprjochting fan de FLB koe in begjin makke wurde mei it strukturearje fan de Fierljep-wedstriden. Tsien jier letter waard de Polsstokbond Holland oprjochte die wedstriden in oare dielen fan it lân gong organiseare.
[bewurkje seksje] Rekord
Jierrenlang hat it rekord fan it Fierljeppen by de mânlju senioaren op 19,40 meter ston. It wie Aart de With út Benskop dy’t yn 1991 sa fier sprong. Sûnt de ynfier fan de karbonpols yn 2006 is dit rekord oanskerpe. Op 2 july 2006 wie Bart Helmholt de earste dy't hjir oer hinne sprong, hy sprong nei de 19,48 meter. Op it stuit hat Jaco de Groot it rekord yn hannen. Op 9 augustus 2006 wist hy nei 20.41 meter te springen. Noch ris twa oare fierljeppers sprongen oer it âlde rekord hinne.
It rekord by de froulje is sûnt 2005 in hannen fan Sjoukje Tjalma. Sy sprong yn dat jier op it Frysk Kampioenskip yn Winsum 15,55 meter.
[bewurkje seksje] Nederlânske rekords
Kategory | Namme | Ofstân | Datum/plak |
Senioren | Bart Helmholt (Hurdegaryp) | 20,76 meter | 22 augustus 2007, Grypstsjerk |
Junioren | Jaco de Groot (Kamerik) | 20,41 meter | 9 augustus 2006 (Linskoten) |
Jongen | Alwin Fonk (Burgum) | 18,45 meter | 26 augustus 2006 (Drylts) |
Frouwen | Sjoukje Tjalma (It Heidenskip) | 15,55 meter | 13 augustus 2005 (Winsum) |