Godehok
Ut Wikipedy
Godehok wie om-ende-by 480-490 hartoch (ek wol kening neamd) fan de Langobarden. Yn de kronyk fan Diakonus oer dat Germaanske folk wurdt hiel summier oer him skreaun.
[bewurkje seksje] Skiednis
Godehok soe de opfolger west ha fan Hildehok. Under syn bewâld ferfarre de Langobarden fan de hjoeddeistige Dútske dielsteat Saksen en Bohmia, nei it gebiet dat foarhinne troch de Rugiërs bewenne waard (Eastenryk). Hy soe opfolge wurde troch syn soan Klaffo.
[bewurkje seksje] Boarne
- Paulus Diakonus, Langobardyske geastlike