Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Eastenryk - Wikipedy

Eastenryk

Ut Wikipedy


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Republik Österreich
Flagge fan Eastenryk Wapen fan Eastenryk
Motto: Gjin motto
Folksliet: Land am Berge, Land am Strome
Lokaasje fan Eastenryk
Offisjele taal Dútsk
Haadstêd Wenen
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
83.858 km²
-­%
Ynwenners (2000) 8.150.836
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 26 oktober
Lânkoade AUT
Ynternet .at
Tillefoan +43
Österreich
Österreich

Eastenryk is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Wenen en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Heinz Fischer.

Eastenyk wurdt begrinzgje troch:

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

It hjoeddeiske Eastenryk in Dútsk oerbliuwsel fan in grut en machtich keizerryk, dat rûn oant yn hjoeddeisk Roemeenje en Oekraïne rikte en dat regearre waard troch de Habsburgers. Keizer Frâns Joazef kaam yn 1848 op de troan. Yn 1867 waard it lân omfoarme ta de Dûbeldmonargy; fan doe ôf hiet it Habsburchse ryk "Eastenryk-Hongarije". It keninkryk Hongarije waard dêrmei formeel lykweardich oan Eastenryk. Nei de moard op troanopfolger Frâns Ferdinand en syn frou Sophie Chotek troch de Bosnyske nasjonalist Gavrilo Princip, laten de reaksjes fan de Dûbeldmonargy en syn tsjinstanners en bûnsgenoaten yn 1914 ta it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich. Nei't it lân de oarloch ferlêrn hie foel yn novimber 1918 de Dûbeldmonargy útelkoar en waard de republyk Dútsk-Eastenryk útroppen.

De nije koalysjeregering fan kristlik-sosjalen en sosjaal-demokraten stie ûnder de lieding fan de matige sosjaal-demokraat Karl Renner. Hy stribbe nei de stifting fan in nij 'Grut-Dùtsk Ryk' dêr't Eastenryk dan ek wer part fan wêze soe. Syn motivaasje wie lykwols ekonomysk, net nasjonalistysk. By it fredesferdrach fan Saint Germain waard it Eastenrykse grûngebiet desimearre. De Entente wiisde in anschluss (oanslúting) mei Dútslân fan de hân. Fan midden jierren tweintich waard Eastenryk regearre troch de kristlik-sosjalen fan bûnskânselier Ignaz Seipel, wylst Wenen yn hannen fan de sosjaal-demokraten bleau.

Yn 1931 waard de kristlik-sosjaal dr. Engelbert Dollfuss bûnskânselier. Sûnt 1933 regearre Dollfuss as diktator. De ûnôfhinkelikens fan Eastenryk waard sûnt 1933 mei de opkomst yn Dútslân fan Hitler slim troch Dútslân bedriigd, dat as beskerming ferbûn Dollfuss him mei it faksistyske Itaalje fan Mussolini. Op advys fan Mussolini ferbea Dollfuss de Eastenrykse NSDAP (Nazy's) en de sosjaal-demokratyske party. Yn febrewaris 1934 foel de Eastenrykse Bundeswehr steunt troch paramilitêre groepen de Weenske arbeiderswyk oan om it sosjalisme te brekken. Dit rûn op in koarte mar heftiche boargeroarlog út, dy't yn it foardiel fan it regear besljochte waard. Nei it ferslaan fan de sosjalisten fierde Dollfuss in korporatyve grûnwet yn. Yn july 1934 waard Dollfuss by in mislearre nazy-steatsgreep fermoarde. Syn opfolger wie Kurt von Schuschnigg. Von Schuschnigg fierde deselde polityk as Dollfuss. Yn 1936 kaam in toluny mei Dútslân tot stân. Dútslân ferklearre doe noch dat it de soevereinens fan Eastenryk respektearje soe, mar yn febrewaris 1938 waard bûnskânselier Von Schuschnigg, by Hitler bean. De Führer drige mei in militêre ynfaazje, as Eastenryk him net frijwillich by Dútslân oanslute soe. Earst woe Von Schuschnigg gjin belies jaan foar de drok, mar op 11 maart 1938 joech er it regear oer oan de nasjonaal-sosjalist Arthur Seyss-Inquart. Dizze stimde yn mei de anschluss, dy't op 12 maart 1938 syn beslach krige.

Nei de anschluss krige Eastenryk de namme Ostmark en waard it in provinsje fan it Tredde Ryk. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Eastenryk troch de Alliearden beset en krekt as Dútslân yn fjouwer besettingssônes opdield: in Britske, in Frânske, in Amerikaanske en in Sowjetrussiske sône, en krekt as mei Berlyn barde dat ek mei Wenen. Oan de sônes kaam yn 1955 in ein middels it Eastenrykske Steatsferdrach. Dêrby stelde de Sowjetuny it betingst dat Eastenryk him foar altiten neutraal ferklearje moast.

De earste nei-oarlogse bûnskânselier wie deselde Karl Renner dy't ek yn 1918 kânselier west hie. Al gau waard er bûnspresidint. Oant 1966 waard Eastenryk regearre troch koalysjes fan de ÖVP (kristen-demokraten) en SPÖ (sosjaal-demokraten). Soms wie de liberale FPÖ ek part fan in koalysje. Yn 1966 kaam der in kristen-demokratyske ienheidsregear, ûnder bûnskânselier Josef Klaus, yn 1970 folge troch in sosjaal-demokratysk ienheidsregear fan bûnskânselier Bruno Kreisky. Dy lêtste stribbe nei in sosjalistyske wolfeartssteat nei Zweedsk model. Fan de jierren tachtich ôf oant 1999 waard Eastenryk wer regearre troch kristen-demokratyske/sosjaal-demokratyske koalysjes. Yn 1999 wûn de FPÖ de ferkiezings. Dy FPÖ waard sûnt it oprjochtsjen, yn de jierren fiiftich, bedobbe mei âld-nazy's en oare ekstreem-rjochtse lju. Jörg Haider, FPÖ-partijlieder en gûverneur fan Karintje, soarge der foar dat de FPÖ in koalysje mei de ÖVP fan Wolfgang Schüssel foarme (febrewaris 2000).

[bewurkje seksje] Bestjoerlike iendieling

[bewurkje seksje] Dielsteaten (Bundesländer) mei haadstêd

Ofbyld:BundeslEastenryk.png
  1. Wenen (Wien) - Wenen
  2. Burgenland - Eisenstadt
  3. Karinthië (Kärnten) - Klagenfurt
  4. Salzburg - Salzburg
  5. Neder-Oostenrijk (Niederösterreich) - St. Pölten
  6. Stiermarken (Steiermark) - Graz
  7. Tirol - Innsbruck
  8. Vorarlberch - Bregenz
  9. Opper-Eastenryk (Oberösterreich) - Linz


[bewurkje seksje] Gearwurking

Eastenryk is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1956 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1995 fan de Jeropeeske Uny.

Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com