Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Holwert - Wikipedy

Holwert

Ut Wikipedy

de himrik fan Holwert
de himrik fan Holwert

Holwert is in doarp yn de gemeente Dongeradiel mei sa'n 1800 ynwenners.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Namme

Oer de namme Holwert hawwe al in protte har holle brutsen. It wurd hol kin sawol heech, der wurdt dan tocht oan it Ingelske wurd "hill", as leech betsjutte. Oaren tinke dat hol "hillich" betsjut, fergelykje it mei it Ingelske wurd "holy".

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Terpen

Holwert moat al fier foar it begjin fan de jiertelling bewenne wêze. Yn de 8ste of 9e ieu is de terp útwreide. Sa bestie Holwert doe út in wenterp en in tsjerketerp. Doe't de earste seedyk oanlein waard, kaam de tsjerke bûtendyks te lizzen, dat doe waard der in nije tsjerketerp binnendyks opsmiten. Neffens de ferhalen moat it âlde tsjerkhôf noch lang brûkt wêze. Der is sein dat yn Holwert de manlju by de tsjerke begroeven waarden en de froulju bûtendyks.

[bewurkje seksje] Willibrord

Oan Holwert is ek de namme fan de misjonaris Willibrord ferbûn. Neffens de kroniken gie Willibrord, nei't er op It Amelân wurke hie, nei Holwert. Dat der in bân west hast, blykt der ek út dat kleaster yn Echternach yn Lúksembourg grûn hie yn Holwert. It is mooglik dat guon Holwerters nei Echternach, wêr't Willibrord de lêste tiid fan syn libben wenne hat, hinne gien binne. De namme mountsehûs komt yn Holwert twa kear foar. Der is eins neat mear bekend oer úthoven fan kleasters.

[bewurkje seksje] Untjouwing

It doarp is twa kear ôfbaarnd. De earste kear wie yn 1421 en de twadde kear yn 1515. Dy kear hawwe de Ljouwerters dêrfoar soarge. Sieds Bonga, dy't it doe yn Holwert foar it sizzen hie, hie de kant fan de Geldersen keazen, dat as in les waard hiel it doarp delbaarnd.

Dat Holwert in wichtich doarp west hat docht der ek út bliken dat it it earst stimmende doarp yn West-Dongeradiel wie en 45 stimhawwende pleatsen hie.

Sûnt 1845 fart de boat nei It Amelân fan Holwert ôf. Holwert hat in haventsje hân en hie earder ek noch fiskerij fan bestsjutting.

[bewurkje seksje] De Herfoarme Tsjerke

De toer is fan fieren te sjen.
De toer is fan fieren te sjen.

Holwert moat al ier in oan Willibrord wijde tsjerke hân hawwe. De tsjerke fan dowestien stie los fan de toer. Al yn de earste tiid fan de 13de ieu hie Holwert in frij hege toer, dy't troch de waadskippers as in beaken brûkt waard. Yn 1661 waard de hjoeddeiske toer boud. Yn 1792 is dy lykwols noch ferhege ta 52 meter. Yn de toer hinget in klok út 1653 makke troch Jurrien Balthasar.

Yn 1776-1778 is de hjoedeiske tsjerke boud troch de arsjitekt Willem Douwes út Harns, dy't yn mear plakken tsjerken boud had. De tsjerkebou is grut opsetten. De Van Aylva's moasten konkurrearje tsjin oaren. It stúkwurk is makke troch Jan Filipps en Johan George van Hempel. It rokkokofjouwerkant en de preekstoel mei koperwurk is fan Yge Rintsjes.

Yn 1890 is in part fan de tsjerketerp ôfgroeven. Hjirtroch is it sillhûet fan de tsjerke sterker wurden.

Willem Douwes hie ek noch in houthannel, dat hy brûkte in protte hout. De bûnte knaachknobbe hie him dêr lykwols yn de rin fan de tiid goed oan dien. Yn 1967-1968 is de tsjerke, dy't der doe min oan ta wie, restaurearre.

Yn de tsjerke binne der noch sarken fan de famyljes van Aylva, Tsjessens, Jaersma, Ringia en Bonga.

Op it tsjerkhôf leit de Fryske skriuwer Waling Dykstra begroeven.

[bewurkje seksje] De fermoanje

Yn Holwert is der al in hiel skoft in minniste gemeente west. It is no in streekgemeente mei Ternaard en Blije. De hjoeddeiske fermoanje út 1850 stiet prominint midden yn it doarp. Opfallend is de gevelstien mei de dúdlike minniste boadskip: Een is uw Meester en gij zijt allen broeders.

Mei de nijbou hawwe de herfoarmen brûk makke fan de fermoanje. Yn de lêste tsjinst dêr gie de minniste learaar foar.

De herfoarmen hawwe doe har tankberens blike litten troch it jaan fan seis nachtmielbekers. De wichtichste tsjerkfâd wie doe Hessel Douwe Ernst van Aylva, dy't foar mear gearwurking tusken herfoarmden en minnisten wie.

[bewurkje seksje] De mûne

Mûne "De Hoop" yn 1915
Mûne "De Hoop" yn 1915

Holwert hat mûglik al om 1400 in mûne hân. Dy waard yn 1515 lykwols tagelyk mei de rest fan it doarp delbaarnd. Earst yn 1677 wurdt der wer skreaun fan in mûne, in roggemûne. Dizze mûne hat in trochgeande skiednis mei de hjoeddeiske mûne De Hoop.

Lykwols wurdt yn 1699 noch in twadde mûne neamd, in pelmûne. Koart foar 1750 wurdt dy ek gaadlik makke foar rogge. Dit is lykwols gjin sukses en in 1751 wurdt opjûn dat dizze mûne ôfbrutsen is.

Nije konkurrinsje komt der earst yn de 20e ieu, en dizze kear is it hast fataal. Yn 1954 wurdt de mûne stilset en feroare yn in opslach. Yn 1963 wurdt de mûne lykwols troch de gemeente oankoft, dy't fiif jier letter mei de restauraasje begûn. Sûnt 1982 draait de mûne wer.

[bewurkje seksje] Mienskip

Der is in feriening foar doarpsbelang:Doarpswurk. SWOD is de aktiviteitenkommisje en ek binne der in tal buertferienings. Ploos van Amstel en De Tsjerke binne de beide basisskoallen fan Holwert.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Concordia - Feriening foar Folksfermaak
  • Pro Rege - toaniel
  • De Bazuin - fanfare
  • VV Holwerd - fuotbal
  • De Roeken/DVC - folleybal
  • Vriendschap - iisclub
  • Badmintonferiening
  • Jeu de bouleferiening

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Ferskaat=

  • Yn de sechtiger jierren is Holwert in waadrinsintrum wurden.
  • Op de pier fan Holwert stiet t walfiskbyld fan Anne Woudwijk. Earder stie dit yn de Waadsee mar de sokkel fan it grutte byld rekke yn 2001 flink skansearre doe't de fearboat der tsjinoan fear.
  • Yn de buorren stiet de stins fan de eardere grytman fan West-Dongeradiel. Eartiids wie dit ek de rjochtbank, yn de kelders is it gefang, dêr't dieven, swalkers en sûplapen yn opsluten waarden.

[bewurkje seksje] Strjitten:

Alle strjitten yn Holwert.

[bewurkje seksje] Sjoch ek:

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com