Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Jirnsum - Wikipedy

Jirnsum

Ut Wikipedy

de himrik fan Jirnsum
de himrik fan Jirnsum

Jirnsum is in doarp oan de âlde wei nei Oerisel, yn de gemeente Boarnsterhim, mei 1.322 ynwenners (1 jannewaris 2003). Foar 1984 wie Jirnsum part fan de eardere gemeente Raerderhim. Nei in grutte doarpsrenovaasje is de âlde buorren in moai foarbyld fan in lintdoarp. It trochgeande ferkear wurdt no oan de westkant om it doarp hinne laat.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Lizzing

[bewurkje seksje] Gebiet

It doarpsgebiet fan Jirnsum wurdt begrinze troch de De Boarn, de Nije Wjittering, de Sâlte Grêft, de Krúsbrekken, de Flânsumer Feart en it doarpsgebiet fan Raerd. Yn dit gebiet lizze ek de buorskippen Abbenwier, Fjouwerhuzen en Foutebuorren.

[bewurkje seksje] Wetter by Jirnsum

Jirnsum leit oan de Boarn. Dy hjit dêr Rak fan Ungemak om't de meänders súdlik fan Jirnsum oan't Aldskou sa min te besilen binne. Sûnt maaie 1951, doe it Prinses Margrietkanaal iepene is, giet de beropsfeart net mear troch de Grou en it Rak fan Ungemak en komt dus net mear by Jirnsum lâns. Jirnsum is nei it súdeasten útwreide mei in yndustrygebiet oan it wetter, mei ûnder oaren skipswerven en in soad boatsjeferhierders.

[bewurkje seksje] Skiednis

[bewurkje seksje] Terp

De omkriten fan Jirnsum hawwe al sûnt it begjin fan de jiertelling bewenne west, mar eart yn de 11e ieu de Leppedyk en de Himdyk oanlein wienen, wie der allinnich bewenning op terpen. It âlde Jirnsum dat al sûnt de midsieuwen bestiet, wie ek in terpdoarp. De tsjerke en de húzen stiene op in terp oan de noardwestside fan it hjoeddeiske doarp. Yn de rin fan de tiid hat it doarp him ferlein nei de dyk en de Boarn ta, en bleaun op de terp allinnich de tsjerke oer. Yn 1879 is ek dy tsjerke ôfbrutsen, en fan 1902 ôf is doe it grutste part fan de terp ôfgroeven. Allinne it hôf fan de eardere tsjerke en in stikmennich âlde wenninkjes lizze noch op de âlde terp. Op it plak fan de eardere terp leit tsjintwurdich in iisbaan.

[bewurkje seksje] Belang fan Jirnsum

Yn 734 ferlearen de Friezen harren frijheid doe't se yn de Slach by Jirnsum ferslein waarden troch Karel Martel en ûnderhearrich waarden oan de Franken. Jirnsum had ek in bluodderich oandiel hân yn de partijtiid en in rol spile yn de Spaanske tiid. Dat kaam om't de Himdyk en de Leppedyk twa wichtige wegen wienen, wylst de Alde Wjittering in grins en in farwei wie. Oer it wetter koe men nei it noarden nei Ljouwert komme en nei it suden nei Snits en de Súdwesthoeke. Dat makke de behearsking fan Jirnsum fan grut strategysk belang.

[bewurkje seksje] Organisaasjes

[bewurkje seksje] Suvelkoperaasje

Jirnsum wie ien fan de earste doarpen dêr't in koperative Tsiis- en Bûterfabryk ta stân kaam. Yn 1888 stutsen seis boeren út Raerderhim, Utingeradiel en Idaerderadiel de koppen byinoar en rjochten it "Coöperatieve Kaas- en Roomboterfabriek" op. Fanwege de lizzing fan Jirnsum oan de Boarn en de Rykswei koe de molke sawol oer it wetter as oer de dyk oanfierd wurde út omlizzende doarpen dêr't noch gjin fabryk wie. De koperaasje soe de krisisjierren fan de 20e ieu lykwols net oerlibje. Op de âlde maaie fan 1938 waard it fabryk sletten. De boeren sleaten har oan by de koperaasje fan Sibrandabuorren.

It gebou hat noch in skoft stânhâlden. Earst as opslach fan Douwe Egberts en letter siet der in piano- en oargelhanneler yn. Yn 1981 kaam it gebou yn hannen fan de gemeente, dy't it tsjin de flakte goaide en der wenten op sette liet. De direkteurswente stiet der noch en de gevelstien mei de nammen fan de oprjochters is werom te finen yn in bank oan de Boarn.

[bewurkje seksje] Rabobank

In oare Jirnsummer koperaasje dy't it wat langer folhâlden hat, wie de “Coöperatieve Boerenleenbank Oudeschouw W.A.” oprjochte op 1 maaie 1920. Yn 1970 gie de Boerelienbank op yn de Rabobankorganisaasje, in fúzje fan (hast) alle Boerelienbanken en Raiffeissenbanken yn Nederlân. Op 1 oktober 1977 fusearre de Rabobank Aldeskou, dy't destiids lykas de fúzjepartner út Aldeboarn in bykantoar yn Akkrum hie, ta Rabobank Boorneschouw mei it haadkantoar yn Akkrum. Op 1 july 1990 fusearre dy wer mei de Rabobank op It Hearrenfean. Oan de ein fan de njoggentiger jierren waard it kantoar yn Jirnsum sletten en ferfongen troch in mobyl kantoar dat oant april 2007 yn bedriuw west hat.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Jirnsummers binne bekend ûnder de bynamme fan 'Katten' mooglik fanwege wrede spultsjes dy't earder mei de Jirnsummer Merke mei dy bistjes spile waarden.

De merkekommisje yn Jirnsum hat noch altyd de namme De Jirnsummer Kat en it doarpshûs hjit 'it Kattehûs'.

  • It doarp is ek bekend om't dêr de grutste FM-stjoermêst fan Nederlân stiet.
  • Reedrydster Atje Keulen- Deelstra is in bekende ynwenster fan Jirnsum.
  • In bekende ynwenner is it PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.
  • Jirnsum leit op beide routes fan it Jabikspaad, in kuier- en fytstocht fan 150 kilometer fan Sint Jabik nei Hasselt.
  • Yn diskoteek De Twa Gemeenten kamen yn de jierren santich altyd in soad bands te spyljen.

[bewurkje seksje] Mienskip

Jirnsum hat in feriening foar Pleatslike Belang. Sûnt 1973 wurdt de âlde skoalle brûkt as doarpshûs . Nei in yngripende ferbouwing hjit it sûnt 1991 It Kattehûs. (Nei de skelnamme Jirnsumer katten ) De jeugdclub hat hjir har hinnekommen en de lytste bern hawwe ûnderdak yn It Kattekuorke.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Iverto - folleybal
  • keatsferiening
  • Twa & Twa - toaniel
  • vv Jirnsum - fuotbal

[bewurkje seksje] Strjitten:

Abbenwiersterdyk, Bûtlânswei, De Finne, De Heareburch, De Pôle, De Slinke, De Terp, Dekamastrjitte, Douwemastrjitte, Fonterbuorren, Gravinnewei, Grienedyk, Grousterdyk, Himdyk, Iisbaanstrjitte, Yndustrywei, It Kampke, It String, Tsjerkebuert, Learewei, Master Ekke Blaauwstrjitte, Molestrjitte, Rykswei, Veltmanhofke, Wjitteringswei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens:


53° 5' NB, 5° 47' EL

Oare talen
Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com